Thom van der Goot: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
Rigel 3:
Thom is de soan fan in Rynfeartkapitein en krige syn oplieding by de fransiskaner mûntsen. Nei in oplieding as dosint Drama kaam Van der Goot yn [[1976]] nei it Noarden. Hy waard konsulint foar it amateurtoaniel yn Fryslân en fan [[1980]] - [[1985|1986]] artistyk en algemien direkteur fan it toanielselskip [[Tryater]]. Yn 1986 waard hy direkteur fan teater [[De Lawei (teater)|De Lawei]] yn Drachten. Van der Goot gie ein 1998 út Drachten wei nei Grins mei de opdracht om De Oosterpoort en de [[Stedsskouburch (Grins)|Stedsskouboarch]] yn ien wurkmaatskippij ûnder te bringen. Yn de VUT advisearre hy by it ûntwerp fan it nijd Kultuerhûs fan Oldambt.
 
It funksjonearjen fan van Van der Goot wie net ûnomstriden. Van der Goot makke him sterk foar in ‘omkearde merkekonomy’. ''Keunst begjint by de keunstner en net by de winsken fan de massa. It giet derom de artistike talinten sjen te litten, en dêr safolle mooglik, mar benammen it júste publyk by te 'finen'.''. Fan amtnerij moast er dan ek neat ha en syn oanfarring mei keunstneresse Irene Verbeek kaam yn it nijs.
 
As byfunksjes yn de muzyk en teaterwrâld wie er trije edysjes foarsitter fan it [[Frysk Festival]], foarsitter fan de gearwurkjende Noardlike skouboarchdirekteuren en bestjoerslid fan de lanlike feriening. Siet yn de amtlike wurkgroep dy't De Voorziening (it lettere Noard Nederlânsk Toaniel) en Reflex (it lettere Noard
Nederlânske Dûns) oprjochte en wie der ek in tiidbestjoerslid fan.
Wie lid of foarsitter fanHate ferskate sjuery's, sette oer, bewurke en regisearre toanielstikken en de grut opsette Nijjiersrevues fan De Lawei. FanYn 2002-20082011 wie er lid fan de kommisje poadiumkeunsten fan de Ried foar Kultuer yn [[Grins (stêd)|Grins]].
 
{{DEFAULTSORT:Goot, Thom van der}}
[[Kategory:Nederlânsk teaterprodusint]]
[[Kategory:Nederlânsk toanielregisseur]]