Ferskil tusken ferzjes fan "Steapelrjocht"

L
gjin bewurkingsgearfetting
L (Bot: Migrating 11 interwiki links, now provided by Wikidata on d:Q506758)
L
It '''steapelrjocht''', yn it [[Latyn]] ''Ius emporii'', is it rjocht dat guon stêden[[stêd]]en hienen op it keapjen fan al it guod dat troch de stêd kaam. Hjirta moast it guod foar in pear dagen, de ''steapeltiid'', yn de stêd ''steapele'' wurde.
 
It rjocht is nei gedachten troch [[Karel de Grutte]] ynsteld, en waard normaliter koft fan de keizer. Der binne lykwols ek stêden dy't dat rjocht fan de omlizzende gebietenomkriten krigen, koft of ôftwongen hawwe. Bygelyks is fan [[Grins (stêd)|Grins]] wis dat it yn [[1473]] it rjocht by ferdrach mei de [[Ommelannen]] krigen hat. It rjocht is ôfskaft troch it [[Kongres fan Wenen]].
 
Troch it steapelrjocht koe in plak foarby de stêd net konkurrearje mei de stêd om't de stêd altiten de earste keap hie. It wie ek net tastien en farje om de ''steapelstêd'' hinne; it steapelrjocht gou ek foar ferkear yn de omkriten fan de stêd. At keaplju it steapelrjocht ûntgean woenen koe dat allinnich troch ''steapeljild'' te beteljen, dêr't it steapelrjocht mei ôfkoft waard, feitlikens in foarm fan tol. Sa koe guod dat farsk bliuwe moast gau troch de stêd komme, mar fansels waard it dêrtroch al djoerder. Steapelrjocht hat dêrmei dúdlik in hinder west foar de ferkeap fan lanbougoud.
 
In stêd dy't steapelrjocht hie, hie almeast ek [[oerslachrjocht]]. Tegearre binne dyDy twa rjochten binne wol brûkt foar in monopoalje op de ynfier fan fremdfrjemd guod. Sok guod koe dan mar yn in beheind tal havens[[haven]]s ynfierd wurde, dêr't it dan ferkoft wurde moast oan de keaplju fan de stêd dy't it dan mei eigen skippen fierder ferfierden.
 
[[Kategory:Skiednis fan Grinslân]]
[[Kategory:Hannel]]
[[Kategory:Midsieuwen]]
[[kategory:Ekonomyske skiednis]]
81.032

bewurkings