Ferskil tusken ferzjes fan "Aebingahûs"

L
[[]]
L (Robotgeholpen doorverwijzing: Doeke fan Martena - Verwijzing(en) gewijzigd naar Doeke fan Martena (1530))
L ([[]])
 
Nei de dea fan Goffe fan Aebinga ([[1579]]) kocht syn widdo, Byuck fan Cammingha, yn [[1591]] ek it ten easten fan harre dûbele wente lizzende hûs ([[Camstrahûs]]), mei skuorre en pleats foar 1110 gûne fan in dochter fan de boarger Hans Snitger, dy't syn bern ferskate gruttere huzen yn de stêd neilitten hie. Al trije jier earder hie Beyts fan Haerda, widdo fan neamde Rienck fan Cammingha, dat hûs keapje wold foar 953 gûne, mar dat wie doe troch de fouden fan de noch minderjierrige erfgenamten behindere.
Yn it kohier fan de skoarstienjilden[[skoarstienjild]]en yn it Aldehouster espel, in belestingboek út [[1606]], wurdt Byuck oanslein foar mar leafst 9 skoarstiens en har buorfrou "Aaltie Donia" op Camminghahûs foar 'mar’ 4 skoarstiens.
[[Ofbyld:Ljouwert Byuck-Cammingha besit yn 1579.jpg|thumb|right|300px|''besit Byuck Cammingha yn [[1579]]'']]
It Aebingahûs fererft tagelyk mei it Camstrahûs oan inkele neisieten fan Goffe en Byuck. As eigeners trede efterinoar op de famyljes Fan Camstra, wêrûnder Tjalling Homme fan Camstra en syn frou Foockel fan Burmania dy't simmerdeis op Lyts Hermana yn [[Minnertsgea]] wennen en Fan Haersolte. Sy wennen der net sels, want se joegen de foarkar oan in neistlizzende Camstrahûs (nr. 20), mar ferhiere it hûs oan edelen en notabelen. Sa hiert yn 1733 oerste Van Glinstra it hûs en tsien jier letter de oerste-luitenant Fan Heemstra, beide spitigernôch net neier identifisearre. Dêrnei hiere de "juffers Asimont" (nei alle gedachten de dochters fan de Waalske predikant Pierre Azimon) it hûs foar 115 gûne jiers en begjinne dêr in damespensjon. Ut it [[Quotisatiekohier]] (ek alwer in belestingboek) fan 1749 blykt dat hja minstens 5 gasten hawwe wêrtroch't de juffers "de kost winne". Mei oare wurden, se kinne der reedlik fan rûnkomme. Se wurde oanslein foar 94 gûne en 15 stuorren, sadat opmakke wurde kin dat se op in fermogen van 8000 gûne rûsd waarden. In trochsneed boer mei eigen hûs, ark en feebeslach (mar mei pachte lân) waard yn de oangrinzjende [[gritenij]] [[Tytsjerksteradiel]] oanslein foar in fermogen fan 3500 gûne. De dames koenen dus yndie aardich "de kost winne".