Ids Wiersma: ferskil tusken ferzjes
Content deleted Content added
→Literatuer: kt |
L →Jonkheid: [[]] |
||
Rigel 6:
== Biografy ==
===Jonkheid===
Ids Wiersma waard yn Brantgum berne as soan fan Doeke Goaslings Wiersma en Eeke Idses Koopmans. Nei de [[Lânboukrisis fan 1880|lânboukrisis]] fan [[1880]] brieken foar Ids syn heit, dy't [[boereärbeider]] wie, swiere tiden oan. Ids rûn oer de side. Boerefeint wurde siet der dus net yn.
Al ier yn syn jonkheid die bliken dat er hiel moai tekenje koe. De boppemaster Dijkstra fûn dat Ids bêst skilder wurde koe. Syn âlden doarsten sa'n aventoer net oan en sa waard Ids yn 'e lear dien by de doarpsferver. It blykte dat Ids der útpykte yn it fine wurk.
|