Sjoerd de Vries (byldzjend keunstner): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L [[]]
Rigel 2:
 
== Libben en wurk ==
De Vries hat syn jongesjierren yn Aldehaske trochbrocht. Nei de [[ambachtsskoalle]] gie er in blauwe moandei nei keunstakademy [[Akademy Minerva|Minerva]] yn [[Grins (stêd)|Grins]], mar wie dêr min yn te passen. Werom yn Aldehaske arbeide er as [[hûsskilder]], molkkontroleur en lânarbeider om troch de tiid te kommen. Yn syn jeugd wie de Vries ek in betûft hurdrinner en reedrider. Yn de fyftiger jierren kaam De Vries yn kontakt mei de [[autodidakt]]yske skilder [[Boele Bregman]] en de naïve skilder [[Jentsje van der Sloot]]. Yn 1963 ferhuze er nei Ljouwert, dêr't er noch altyd wennet. De earste eksposysje fan syn wurk yn 1962 brocht him erkenning. Letter folgen solotentoanstellingen yn it [[Singer Museum]] yn Laren (1996) en it [[Gemeentemuseum De Haach]] (2003).<ref>[http://www.balkstercourant.nl/nieuws/25660/selfies-van-sjoerd-de-vries-museum-belvedere/#sthash.IcYcPXLV.dpuf Balkster Courant]</ref> Yn 1964 boaske er en krige yn 1970 in dochter.
 
Wilens wie De Vries in stoef drinker en oanhelle mei depresjes. Nei in sikehûsopname yn 1990 waard er better en joech er de drank oer.<ref>[http://www.demoanne.nl/schrijversportretten-sjoerd-de-vries/ De Moanne, skriuwersportretten (maaie 2014)]</ref> De Vries joech yn de jierren njoggentich les oan de Frije Akademy yn Ljouwert.