Rely Jorritsma: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L red
kt
Rigel 1:
'''Rely Jorritsma''', folút '''Aurelius Hotze Theodorus Jorritsma''', ([[Jellum]], [[11 febrewaris]] [[1905]], - [[JellumRessen]] -, [[1 oktober]] [[1952]], [[Ressen]]) wie in [[FryskFryslân|Fryske]] [[dichter]] en [[skriuwer]]. Njonken syn literêre wurk is hy bekend fan de troch him by testamint yn it libben roppen [[Rely Jorritsmapriis]].
 
==Libben==
Rely Jorritsma waard berne yn Jellum as soan fan de begoedige Hotze Jorritsma en Emilie Rappard. Op de legere skoalle bliuw er in kear sitten (en krige doe fan syn heit in ezel, dêr't dy him in [[hynder]] foarsein hie as er oergong). Nettsjinsteande dat rûn er de [[h.b.s.]] flot troch. Yn [[1924]] stie er ynskreaun as studint fan de [[Katolike Universiteit fan Nymwegen]], neidat er frijlotte wie foar de militêre tsjinst. Fan [[1926]] oant [[1927]] hold er yn [[Arnhim]] ta dêr't er in literêre leargong folge. Nei't er yn [[1929]] en [[1930]] by it [[Utrechtsch Dagblad]] wurke hie as aspirant-sjoernalist en noch in skoftke yn [[Utert (stêd)|Utert]] as frijwilliger yn in boekwinkel wurke hie, sette er yn maaie [[1931]] wer op Nijmegen oan.
 
Hy kearde de literatuer foarearst de rêch ta en lei him ta op it tekenjen en skilderjen. Oant [[1934]] folge er de Middelbere Tekenskoalle 'Kunstoefening' yn Arnhim. Hy helle dêr de l.û-akte tekenjen. Om't er yn 1934 sakke foar it talittingsseksamen fan de keunstakademy yn [[Amsterdam]], gie Rely nei de akademy yn [[Antwerpen (stêd)|Antwerpen]]. Hy keas al rillegau foar in partikuliere oplieding. Syn learmaster waard de Antwerpske keunstskilder [[Albert Thijs]]. Yn [[1935]] sette Jorritsma wer op hûs oan.
 
Werom yn Nijmegen by syn heit, syn mem wie yn [[1934]] ferstoarn, hie Rely in soad kontakt mei in groep jonge keunstners; mei harren eksposearre er yn [[1935]] en sy joegen ûnder de namme [[Zwarte Kraaien]], in literêr tydskrift út. FerzenFersen út syn Arnhimske stúdzjetiid waarden opnommen yn it blêd [[Jonge Kunst]]. Hy publisearre fierder ûnder oaren yn de [[Ljouwerter Krante]], [[Sljucht en Rjucht]], [[It Heitelân]] en [[De Holder]].
 
Rely Jorritsma hat fierder nei de [[Twadde Wrâldkriich|oarloch]] fan him jilde litten mei syn histoaryske rubryk ''[[Tussen Maas en Rijn]]'' yn de [[Nijmeegse Courant]].
 
Om't er foar syn kwaal, [[multiple scleroseskleroaze]], fersoarge wurde moast, kaam er yn de hjerst fan [[1950]] telâne yn 'Klein Jagtlust' yn [[It Oranjewâld]]. Yn de neisimmer fan [[1952]] ferfarre Rely Jorritsma nei [[Ressen]], dêr't er op 1 oktober 1952 te ferstjerren kaam.
 
====Syn wurk==Wurk==
Op [[24 april]] [[1926]] ferskynde it earste Fryske fers fan Rely yn [[Sljucht en Rjucht]]. Hy hie
it al in jiermennich earder makke en opstjoerd. Op inisjatyf fan [[Reinder Brolsma]] waard it fers dochs pleatst en sadwaande waard Brolsma troch Rely as syn 'ûntdekker' sjoen.
Line 20 ⟶ 21:
* ''Myn sang is fan it âlde hûs : in blomlêzing út de publisearre fersen fan Rely Jorritsma mei in ynlieding oer syn libben en wurk, de tekst fan syn testamint en in oersjoch fan it literêre wurk, dat yn de nei him neamde priisfragen bekroand waard tusken 1954 en 1993'' (1993) [[Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum]]
* Petra de Haan ''Fjirtich jier 'Rely''' (1994)
 
 
{{DEFAULTSORT:Jorritsma, Rely}}
[[Kategory:Frysk skriuwerkeunstskilder]]
[[Kategory:Frysk sjoernalist]]
[[Kategory:Frysk dichter]]
[[Kategory:Frysk koarte-ferhaleskriuwer]]
[[Kategory:Frysk kollumnist]]
[[Kategory:Skriuwer yn it Frysk]]
[[Kategory:Nederlânsk keunstskilder]]
[[Kategory:Nederlânsk sjoernalist]]
[[Kategory:Nederlânsk dichter]]
[[Kategory:Nederlânsk koarte-ferhaleskriuwer]]
[[Kategory:Nederlânsk kollumnist]]
[[Kategory:Frysk persoan fan Frânsk komôf]]
[[Kategory:Nederlânsk persoan fan Frysk komôf]]
[[Kategory:Nederlânsk persoan fan Frânsk komôf]]
[[Kategory:Persoan berne yn Jellum]]