Fleantúch: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L plaatsje
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
omstavere 2015
Rigel 8:
 
== Skiednis ==
Utfiners wienen oan de ein fan de [[19e ieuiuw]] dwaande mei it útfinen fan in ferfiermiddel dêr't motorisearre mei flein wurde koe. De [[loftballon]] wie al yn [[1783]] útfûn, it sweeffleantúch waard foar it earst súksesfol testen troch [[Otto Lilienthal]] yn [[1891]]. Yn 1903 wisten de Amerikaanske [[Bruorren Wright]] as earste minsken mei harren sels boude en motorisearre fleantúch, [[Wright Flyer|"The Flyer"]], in kontrolearre flecht te meitsjen. Yn Nederlân fleach it earste fleantúch op [[27 juny]] [[1909]], bestjoerd troch [[Charles de Lambert]]. Yn 1910 makke de Frânsman [[Henri Fabre]] mei de ûntwikkeling fan de it earste [[wetterfleantúch]] it mooglik gruttere fleantugen te meitsjen omdat se net ôfhinklik wienen fan de lingte fan in fleanfjild. Twa jier letter kaam [[Curtiss]] mei de earste [[Wetterfleantúch|fleanboat]]. Yn datselde jier waard ek it earste eksperimint dien mei opstigen fan in skip ôf troch [[Eugene Burton Ely|Eugene Ely]].
 
Hoewol't der eksperimintearre waard mei it ferfier fan post en passazjiers, soe it fleantúch foarearst noch as sport- en stuntapparaat brûkt wurde. Sûnt 1911 begûnen de Europeeske legers har te ynteressearjen foar it fleantúch mei it each op in kommende oarloch, dy't útrinne soe yn de [[Earste Wrâldoarloch]], al konsintrearren de Dútsers har noch lange tiid op de [[Seppelin (loftskip)|Seppelin]]. De Earste Wrâldoarloch wurke yn Europa as in katalysator op de ûntwikkeling fan it militêre fleantúch. Der waard begûn om fleantugen yn te setten as [[Militêre ferkenning|ferkenner]]. Doe't de fijannen dêrnei mei elkoar yn konflikt kamen yn de loft, kaam it [[jachtfleantúch]] yn byld. Dat krige [[mitrailleur]]s op de motorkape. Troch [[Sikorsky Aircraft Corporation|Sikorsky]] syn eksperiminten mei fjouwermotorige fleantugen waarden grutte [[bommesmiter]]s mooglik. De Britse marine gie fierder mei it opstigen en lannen fan skippen ôf, wat resultearre yn de earste [[Torpedo (wapen)|torpedobommesmiters]].