Gerben Postma: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L red
kt
Rigel 1:
[[Ofbyld:Postma, Gerben.jpg|thumb|''Gerben Postma'']]
'''Gerben Postma''', ( [[Dantumawâld]], [[6 juny]] [[1847]] - [[Moarrewâld]], [[13 juny]] [[1925]] ), wie in ûnderwizer-auteur.
 
==Libben==
Gerben Postma slagge op 18-jierrige leeftiid op 4 april 1866 yn Ljouwert foar de ûnderwiisakte legere skoalle. Hy wie in moanne kwekeling yn Feanwâlden, want al op 7 maaie begûn hy oan in fiif moanne duorjende perioade as helpûnderwizer yn Broek ûnder Ikkerwâld. Per 1 novimber 1866 waard hy beneamd as helpûnderwizer yn [[Blije]]. Dêrnei waard er ûnderwizer yn [[Oerterp]], [[Suwâld]] en fan 1884 - 1890 wie hy haad fan de iepenbiere legere skoalle yn [[Nes (It Amelân)|Nes]] op It Amelân. Doe't yn [[Bueren]] yn 1890 in Roomske skoalle stifte waard keazen in soad âlden yn Nes dizze skoalle foar harren bern. Foar Gerben Postma betsjutte dit in grutte teloarstelling. Op 43-jierrige leeftiid krige hy pinsjoen en ferbittere ferliet hy it ûnderwiis. Yn 1896 waard Gerben Postma organist fan de Nederlânsk Herfoarme gemeente Ikkerwâld/Moarrewâld. Hy fersocht yn 1910 de tsjerkeried de ferfolchbondel Evangelyske gesangen yn de gemeente 'vijf minuten ter aanbeveling' te brûken. De tsjerkeried fielde lykwols net foar 'vrezende voor ongewenste gevolgen in de gemeente als niet meer ter kerke komen en dergelijke'. Yn 1914 besleat de tsjerkeried opnij de ferfolchbondel net ta te litten. Gerben Postma nom op 13 novimber 1921 op 73-jarige leeftiid ûntslach as organist. By syn weromkommen fan It Amelân nei Moarrewâld hie hy de wenning Haadwei 94 sette litten. Op de grêfstien fan Postma stiet: "Hier rust een diep denker met veel kennis".
 
Line 20 ⟶ 21:
 
{{DEFAULTSORT:Postma, Gerben}}
[[Kategory:DamwâldFrysk ûnderwizer]]
[[Kategory:Frysk skriuwermuzikant]]
[[Kategory:Frysk oargelist]]
[[Kategory:Frysk dichter]]
[[Kategory:Frysk koarte-ferhaleskriuwer]]
[[Kategory:Frysk publisist]]
[[Kategory:Skriuwer yn it Frysk]]
[[Kategory:Frysk oersetter]]
[[Kategory:Oersetter nei it Frysk]]
[[Kategory:Bibeloersetter]]
[[Kategory:Persoan berne yn Dantumawâld]]