Skiednis fan Sina: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Xqbot (oerlis | bydragen)
L Robot: zh-yue:中國史 is een etalage-artikel; tekstwiziging
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
omstavere 2015
Rigel 14:
 
=== De Tsjow ===
Yn de [[11e ieuiuw f.Kr.]] foelen de [[Tsjow]] fanút it noarden oan en rukten op nei de haadstêd dy't troch har ferovere waard. It soe noch wol in ieuiuw doarre foardat sy al it gebiet fan de Sjang-hearskers foarfêst yn hannen hienen. It sintrum fan har macht kaam te lizzen by de stêd [[Lo-jang]] dy't troch har stiften waard. Yn polityk en kultureel opsicht wienen sy de erfgenamten fan de Sjing. Harren grutste fernijing wie de yntroduksje fan it [[lienstelsel]]. Troch in systeem fan machtsdelegearing hienen de keningen fan de Tsjow in better grip op de grutte befolking as harren foargongers. Ferwanten en eallju krigen stikken lân bûten it keninklik domein tabediele sadat mear as 40 mei de Tsjow ferbûne fasaalsteaten ûntstienen.
 
De iere oarde fan de Tsjow hat oant [[771 f.Kr.]] doarre, dat jier waard de Tsjow kening yn it westen ferslaggen troch nomadyske stammen en rekken har âlde wengebieten yn it Kung-chung-gebiet kwyt. It keninklik domein ferlear in grut part fan har gebiet en de haadstêd Lo-jang har politike gewicht. Stadichoan foel de politike en militêre macht yn hannen fan wichtige regionale foarsten dy't it meastepart fan de fasaalsteaten fan de Tsjow ferneatigen en har lân ynnommen. Grutte politike en kulturele feroarings hâlden plak en de kaart fan Sina feroare yngripend. Ut oerbleaune dokuminten docht bliken dat in protte nije stêden boud waarden en oanhâlden kriich fiere waard tusken de steaten ûnderinoar, dêr't massaal slachtoffers by foelen. Lykwols wie der yn dizze ûnrêstige tiden in eksplosive technologyske foarútgong, in grutte befolkingsoanwaaks en ferskine de earste echte Sineeske filosofen as [[Konfusius]] en [[Tao]].
Rigel 26:
Neidat in oantal jierren nei it ferstoarn fan Kwin Sy Hwangty oeral opstannen útbrutsen, brocht [[Lioe Tji]] yn [[208 f.Kr.]] as earste keizer fan de nije [[Han]]-dynasty frede. Ut dizze tiid datearret de grutste útwreiding fan Sina: nei it westen tsjin de ynfallende [[nomaden]]stammen út Sintraal-Aazje, nei it suden yn it tsjintwurdige Sina besuden de rivier de [[Jang-tse]] oant en mei it tsjinwurdige [[Fietnam]]. De Hantiid stiet bekend as ien fan de bloeiperioaden út de Sineeske skiednis en is opdield yn in westlik tiidrek (oant [[9|9 n.Kr.]] en in westlik tiidrek (9-[[220|220 n.Kr.]] troch it ferplakken fan de haadstêd fan it westen nei easten. It [[Konfusianisme]] waard yn dy tiid de offisjele godstsjinst, de [[Sineense Muorre]] kaam ôf. Nei it westen ûntstie de [[siderûte]] en yn [[105]] die [[Kai Lun]] syn wichtige ûntdekking fan [[papier]].
 
Yn de rin fan de [[2e ieuiuw]] rekke de hearskippij fan de Han lykwols yn ferfal en nei in grutte boereopstân fan de saneamde [[Gielmutsen]] en inkele paleisrevolúsjes foel de ienheidssteat yn trije riken útinoar. Pas yn [[589]] waard Sina opnij werienige ûnder de [[Swei-dynasty]] dy't yn [[618]] ferfongen waard troch de [[Tang-dynasty]] (oant [[907]], dêr't wer in tiidrek fan grutte útwreiding en bloei mei útein sette.
 
It [[boedisme]] hie Sina yn de twadde helte fan de [[1e ieuiuw]] berikt, mar fûn pas gruttere útwreiding yn de ieuweniuwen fan politike ferdieldheid. Under keizer [[Taizu]] (386-409) waard it ta steatsgodstsjinst fan Sina
 
Yn [[907]] foel Sina wer yn lytse steatsjes útein oant it yn [[975]] wer feriene waard troch de earste keizer fan de [[Soeng-dynasty]]. Under dizze dynasty gong it de Sinezen wer in skoft lang foar de wyn. De ekonomy bloeide en de befolking ferdûbele oant sa'n 100 miljoen ynwenners. Mar ek oan dat tiidrek kaam wer in ein, want yn de rin fan de [[12e ieuiuw]] kaam it noardlike part fan Sina yn hannen fan de [[Jin]]-dynasty ôfkomstich út [[Mantsjoerije]] dy't [[Beijing]] ta haadstêd makken. It suden bleau ûnder bewâld fan de Song oant yn [[1276]] hiel Sina oerweldige waard troch in folk fan nomaden, de [[Mongoalen]] dy't Sina feriene en de [[Juan-dynasty]] (1279-1368) festige.
De grûnlizzer fan dizze dynasty wie de freesde foarst [[Djenghiz Kaan]]. Yn betreklik koarte tiid wist dizze in enoarm grut gebiet ûnder syn bewâld te krijen. It omfieme it tsjintwurdige [[Mongoalje]], Noard-Sina, [[Sintraal-Aazje]] en Súd-Ruslân oant en mei de grinzen fan it Arabyske [[Abassiden]]ryk. Syn opfolgers foegen letter noch parten fan it Midden-Easten en fan East-Jeropa der oan ta. De wichtichste keizer fan dizze dynasty wie [[Kubilai Kaan]] (1215-1294). Hy brocht soarge foar frede yn it hiele ryk en de ekonomy bloeide wer op. Keunst en kultuer krigen wer kâns ta ûntwikkeling te kommen. Skilderkeunst, de keramyk en de literatuer berikten nije hichten. Under syn bewâld besocht de Italjaanske ûntdekkingsreizger [[Marko Polo]] Sina.
 
De lêste Juan-keizer waard yn [[1368]] ferdreaun troch [[Hongwu]] dy't de [[Ming-dynasty]] stifte. Under dizze dynasty die Sina begjin [[15e ieuiuw]] in goai nei wrâldhearskippij. Tusken 1405 en 1433 fear Admiraal [[Zheng He]] sânris nei lannen om de [[Yndyske Oseaan]], wêrfan trije kear nei de eastkust fan [[Afrika]], mear as 100 jier foardat de Jeropeanen útein setten mei de kolonisaasje fan it kontinint. Mar dizze besiking bruts ôf wêrnei in tiidrek fan isolemint folge.
 
Krekt doe't der út Jeropa wei mear omtinken kaam foar Aziatyske kultueren, stûke de kultuergroei yn Sina. It Ming-ryk wie oer har hichtepunt hinne. De lêste Mingkeizers wienen meastentiids swak en net tsjinsteande de Sineeske Muorre hie it lijen fan Mongoalske strooptochten en fanút see makken Japanske en Sineeske piraten de lange kuststripe ûnfeilich. Jeropa waard stadichoan konkurrint fan Aazje op it mêd fan [[wittenskip]] en [[technology]]. Yn [[1631]] brocht in grutte folksopstân in ein oan de Ming en de heal nomadyske Mantsjoes soenen mei har stamlieder [[Nurhachy]] de lêste dynasty fan Sina stiften.
 
Under de earste trije keizers fan de [[Mantsjoe-dynasty]] (1644-1912) hearske trochgongs frede, rust en wolfeart yn Sina. Neffens skattingen wie de befolking ein [[18e ieuiuw]] waakse oant 330 miljoen. It [[kristendom]] berikte Sina, mar krige gjin fêste fuot. Om 1700 wienen der lykwols al 300.000 bekearlingen, mar omdat de ferskate kristlike oarden ûnder inoar hieltyd spul hienen, waard it leauwen yn [[1721]] troch de keizer ferbean en moasten alle misjonarissen it lân ferlitte. Noch wat letter woenen de Sinezen alle Jeropeanen bûten de doar hâlde en yn [[1757]] waard allyksa bepale dat Jeropeeske hannelslju allinnich mar de súdlike havenstêd [[Kanton]] oandwaan mochten. Lang om let moast Sina romte jaan oan it ymperialistyske Jeropa doe't it yn de [[19e ieuiuw]] yntern tige ferskuorre rekke troch opienfolgjende opstannen en de ekonomy ynstoarte.
 
Yn [[1894]] rekke it yn kriich mei [[Japan]] en omdat de Japanske striidkreften folle better útrêsten wienen as de Sineeske late it in ferpletterjende nederlaach. Sina moast Korea en Taiwan oan Japan ôfstean. Even krige foarstanners fan herfoarmingen it foar it sizzen. De anty-Westerske, mar misleare [[Bokseropstân]] (1899-1901) betsjutte in earnstich gesichtsferlies foar it keizerryk. Fergees besocht it har oan de tiid oan te passen, in militêre kûp soe lykwols in ein makke oan in tiidrek.