Kaart (kartografy): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L Drewes moved page Kaart (Kartografy) to Kaart (kartografy): gjin namme
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
omstavere 2015
Rigel 11:
== Kaarten fan Fryslân ==
Yn de kartografy binne de kaarten fan Fryslân al yn de earste atlassen opnomd. [[Abraham Ortelius|Ortelius]], Kaerius, [[De Jode (famylje)|de Jode]], [[Gerardus Mercator|Mercator]] hawwe fan Fryslân tige fraaie kaarten útjûn. [[Grinslân]], as hearrende by Frisia, is ek stees opnomd. It binne libbene kaarten, ek al meidat de [[Waadsee]] en faak in stik [[Noardsee]] en [[Sudersee]] by it kaartbyld hearre. Op it mêd fan de seeën leefden de makkers har út mei driigjende, spuitsjende seemûnsters en sierlike, mei bolle seilen, farrende skippen en ynkleurde wynrozen.<br />
Yn in soad lytse bûsatlaskes út de [[16e ieuiuw]] steane se bot soberder ôfdrukt. Fia it kaartbyld fan [[Jodocus Hondius]] en [[Blaeu]], wêryn't Fryslân as aparte kaart foarkomt, komt de mânske N.J. Visserkaart, de Schotanuskaart fan 1664 en de saneamde Stiennen Mankaarten, dêr't de Allard-útjefte de meast seldsume fan is.<br />
Yn de [[18e ieuiuw]] wurdt it kaartbyld soberder en de ferneamde [[Isaak Tirion|Tirionkaart]] bringt it net fierder as in beskieden cartouche mei it wapen fan Fryslân en in lytse wynroas.<br />
De tritich [[gritenij]]en komme yn de 'Beskriuwing fan Fryslân' fan 1664 foar en letter yn de [[Schotanusatlas]].<br />
De [[Wopke Eekhoff|Eekhoff-atlas]] fan mid [[19e ieuiuw]] is in atlasútjefte dy't troch it provinsjebestjoer bekostige waard. Grutte dúdlike kaarten, mar sûnder franje; mear [[kadaster]]kaarten (werútjefte 1969). De alve stêden binne op [[Warkum]] nei foar it earst troch [[Braun en Hogenberg]] útjûn. Dan folgje de Geelkerckenkaarten, de Boutattsútjeften, [[Lodovico Guicciardini|Guicciardini]], [[Caspar Merian|Merian]], [[Johannes Janssonius|Janssonius]], de Witt, [[Vincenzo MariaCoronelli|Coronelli]] en [[Blaeu]]. Fan de doarpen binne net sa folle plattegrûnen bekend. De ôfbylden dêrfan steane meast yn de ''Vaderlansdsche Gezichten'' en yn de ''Tegenwoordige Staat van Friesland''. Yn hânskriften en argiven komme tafallich kaarten fan bepaalde gebieten en plakken foar: Drachten, It Hearrenfean, Menaam, Bakkefean en Haulerwyk.
 
== Sjoch ek ==