Latynske skoalle: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
by ús ek
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
omstavere 2015
Rigel 1:
[[Ofbyld:Latijnseschool1.jpg|thumbnail|Yngong eardere Latynske Skoalle yn Gouda]]
[[Ofbyld:Latijnseschool2.jpg|opskrift Latynse skoalle yn Gouda|thumb]]
De '''Latynske skoalle''' wie eartiids (foar de [[19e ieuiuw]]) in skoaltype dêr't learlingen (allinnich jonges út begoedige húshâldings) tariede waarden op de universiteit. It skoaltype wreide har oer gâns Europa út.
 
Destiids wie it [[Latyn]] de taal fan de [[wittenskip]], en sels de kolleezjes op [[universiteit]]en waarden yn dizze taal jûn. Kennis fan it Latyn wie essinsjeel foar elkenien dy't dy't hegere stúdzjes dwaan woe. It lesprogramma fan de Latynske skoalle bestie foar it meastepart út Latyn. Oare fakken wienen fan mindere betsjutting.
 
In soad Nederlânske stêden (ûnder mear [[Barlaeus Gymnasium|Amsterdam]], [[Erasmiaans Gymnasium|Rotterdam]], [[Gymnasium Haganum|De Haach]], [[Johan de Witt Gymnasium|Dordrecht]] - it âldste fan Nederlân, [[Murmelliusgymnasium|Alkmaar]], [[Coornhert Gymnasium|Gouda]], [[Stedelijk Gymnasium Haarlem|Haarlem]], [[Steedlik Gymnasium (Leien)|Leien]], Dimter en [[Praedinius Gymnasium|Grins]]), hienen sûnt de [[14e ieuiuw]] in Latynske skoalle. Sûnt de [[16e ieuiuw]] waard ek it [[Gryksk|Gryks]] opnomd yn it skoalprogramma.
 
Yn de [[18e ieuiuw]] waard yn Nederlân de populariteit fan de Latynske skoallen minder, ûnder mear troch de opkomst fan de "[[Frânske skoalle]]n", dêr't [[Frânsk]] learde wurde koe ''(in taal dy't doe dwaande wie it Latyn te ferstjitten fan syn posysje as Europeeske [[lingua franca]])'' en praktyske fakken lykas [[boekhâlding|boekhâlden]].
 
Yn 1838 waard der yn Nederlân in ûnderwiisherfoarming trochfierd, wêrby't de Latynske skoalle plak makke foar it [[gymnasium]], in skoaltype dêr't Latyn noch hieltyd it wichtichste fak wie, mar wol folle mear tiid útlutsen waard foar de moderne talen (Frânsk en Dútsk, bytiden ek Ingelsk), [[wiskunde]] en natuerwittenskippen. Yn de jierren nei 1838 waarden alle Latynske skoallen omset yn gymnasia.