Grêfstien: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Aliter (oerlis | bydragen)
L -e
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
omstavere 2015
Rigel 1:
[[Ofbyld:Zwolle Begraafplaats Meppelerstraatweg 01.jpg|thumb|right|Grêfstiennen út de 19e ieuiuw op Begraafplak Meppelerstrjitwei yn [[Swol]] (2005)]]
[[Ofbyld:Picswiss AG-15-25.jpg|thumb|Grêfstiennen op in Switsersk begraafplak (2006)]]
[[Ofbyld:090330_Veenhuizen_NL_-_begraafplaats.jpg|thumb|Houten "grêfstiennen" op de hôf fan [[Feanhuzen (Noardenfjild)|Feanhuzen]] (2009)]]
Rigel 14:
Grêfstiennen binne in fokus foar de rouwenden en as in statement foar it belang fan de ferstoarne neffens dy syn neibesteanden, of eventueel, by minsken dy't alles sels foar harren dea al regele hawwe, neffens him- of harsels.
 
It materiaal fan de stien giet faak desennia oant ieuweniuwen mei; in stien fan polyst [[granyt]] hat in hast ûnbeperkte libbensdoer, en is nei tûzenen jierren sa goed as ûnoantaast, sa't út folle Egyptische grêven blykt; in stien fan [[kalkstien]] of [[sânstien]] kin nei hûndert jier al sa goed as ûnlêsber wurden wêze. Tige ienfâldige grêven wurde faak oanjûn mei in houten krús, dat meastal binnen in pear jier weirotsje sil. In grêfstien kin aardich yn de papieren rinne.
 
Grêfstiennen yn tsjerken ("grêfsarken"), faak dekplaten fan grêven yn de flier fan de tsjerke, hawwe minder te lijen fan it waar, mar wurde as der oerhinne rûn wurdt yn inkele hûnderten jierren dochs ûnlêsber. Stiennen en tinktafels oan de muorre fan in tsjerke binne folle duorsumer.
 
Begraving yn in tsjerke komt lykwols tsjintwurdich net mear foar, dit waard by wet ôfskaft yn de [[19e ieuiuw]], dit privileezje mei allinnich noch tapast wurde yn keninklike [[krypt]]en en by begraffenissen fan hege tsjerkelieders.
 
Benammen yn de [[16e ieuiuw]] binne prachtige sarken makke. Yn [[Frjentsjer]] wie in sintrum mei typyske [[renêssânse]]keunst dy't ek printen en lytse sieraden ymportearre hat. Der binne trije perioades te ûnderskieden:
* 1535-1550 : De monogrammist [[Benedictus Gerbrants]] hat doe wurke mei ynfloed fan de Noard-Italjaanske [[Florâns|Florentyske]] ornamintisten fan om 1500 hinne. Fan Gerbrants binne sa'n 15 sarken fan 1532-1565 bekend.
* 1550-1570 : Neist B.G. wurket no ek [[Vincent Lucas]]. Der wurde no ek nije Renêssânse-eleminten brûkt dy't ûnliend binne oan de Frânsen en Flamingen. Fan Vincent Lucas binne sa'n 16 stiennen út 1550-1565 bekend.
* 1565-1600 : Der binne dan ek ynfloeden fan [[Hans Vredeman de Vries]] te sjen. Bûten anonimen trede op Pieter Dircks, Claes Jans, Claes Jelles, Pieter Claesz en Jelle Claesz. Twa soarten stiennen binne te ûnderskieden: dy mei wapenfersierings en dy mei persoansfoarstellings. De grêfsarken binne bytiden tige grut: de Camminghastien yn [[Ballum]] en de Unemastien yn [[Blije]].
De 16e ieuiuw lit in hichtepunt sjen, mar ek letter wurdt der noch genôch makke. Sa binne der stiennen mei leeftydskoppen. In soad sarken binne skanseare. In soad lytse doarpstsjerken hawwe opfallende grêfskriften, bygelyks [[Deinum]], [[Raerd]], [[Mantgum]] en [[Boazum]].
 
== Sjoch ek ==