Carl Jung: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L +foto
LNo edit summary
Rigel 1:
[[File:Jung 1910-crop.jpg|thumb|175px|Carl Gustav Jung yn de [[Feriene Steaten]] (1910)]]
[[Ofbyld:Carl Gustav Jung.jpg|thumb|175px|right|''Tekening fan Carl Gustav Jung'']]
'''Carl Gustav Jung''' ([[Kesswil]], [[Switserlân]], [[26 july]] [[1875]] – [[Zürich (stêd)|Zürich]], [[6 juny]] [[1961]]) wie in [[Switserlân|Switsersk]] [[psychiater]] en [[psycholooch]]. Jung wurdt beskôge as de earste psychiater dy't de minsklike geast seach as "fan natuere religieusk" en rjochte him op dat gebiet om te ûndersykjen. Jung is ek ien fan de bekendste ûndersikers op it mêd fan dreamanalyze en symboalisearing. Wylst hy folslein oan it wurk wie as arts, hat in grut part fan syn libbenswurk út it ferkennen fan mei syn wurk besibbe gebieten besteanbestien, wêrûnder East-en westerske [[filosofy]], [[algemy]], [[astrology,]] en [[sosjology]], mar ek literatuer en de keunsten.
 
== Biografy ==
Jung wie de soan fan in [[dûmny]]. Hy folge yn [[Bazel (Switserlân)|Bazel]] it gymnasium en studearre dêr fan [[1895]] ôf medisinen. Yn [[1902]] promovearre hy op in stúdzje oer syn efternicht [[Hélène Preiswerk]], dy't har presintearre as [[medium (esotery)|medium]], mar letter troch syn mei-studinten fan bedroch betrape waard.
Yn [[1903]] boaske hy mei Emma Rauschenbach (1882-1955). Sy krigen tegearre fiif bern.
 
Fan [[1900]] ôf wurke Jung as [[psychiater]] yn de [[Burghölzli]]-klinyk by Zürich, dy't ûnder direksje stie fan [[Eugen Bleuler]]. Hjir hâlde hy him ûnder oaren dwaande mei de psychologyske kant fan [[dementia praecox]] (letter [[skizofreny]] neamd) en ûntwikkele hy mei syn kollega [[Franz Riklin]] in oantal assosjaasje-testen.