Oder-Neissegrins: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
 
LNo edit summary
Rigel 1:
[[Ofbyld:Oder-neisse.gif|260px|thumbnail|De Oder-Neisse grins]]
[[Ofbyld:Oder-Neiße-Mündung1.JPG|thumbnail|Mûning fan de Neisse yn de Oder]]
De '''Oder-Neisse grins''' ([[Dútsk]]: ''Oder-Neiße-Grenze'', [[Poalsk]]: ''granica na Odrze i Nysie Łużyckiej'') is sûnt [[1945]] de Dútsk-Poalske grins. De grins giet benammen lâns de rivierren de [[Neisse]] en de [[Oder]]. De grins giet bewesten de stêden [[Stettin]] (''Szczecin'')en [[Świnoujście|Swinemünde]] (''Świnoujśie'') en einiget yn de [[Eastsee]]. Al it Dútske lân beëasten dizze line (23,8% fan it Dútske gebiet yn 1937) is neffens de [[Konferinsje fan Potsdam]] oan Poalen tawiisd, útsein de noardlike helte fan de provinsje [[East-Prusen]], dat as de [[Kaliningrad (oblast)|Kaliningrad oblast]] by de [[Sowjet Uny]] kaam. It grutste part fan de ferlerne Dútske gebieten hearden by [[Prusen]] en in lyts stikje by [[Saksen (dielsteat)|Saksen]]. De Dútske befolking yn dizze gebieten waarden twongen ferdreaun, flechten of waarden fermoarde. De Oder-Neisse grins foarme de grins tusken de [[DDR]] en Poalen tusken 1950 en 1990 en waard troch de DDR erkind yn 1990. De [[West-Dútslân|Bûnsrepublyk]] erkinde dizze grins op betingst as in foarriedige troch it regear fan [[Willy Brandt]]t yn it ramt fan syn ''[[Ostpolitik]]'' yn 1970. It weriene Dútslân erkinde de grins as offisjele Dútsk-Poalske grins yn 1990.
 
[[Kategory:Skiednis fan Dútslân]]