Alliearde besettingssônes fan Dútslân: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Rigel 22:
Yn july fan 1945 waard Dútslân ferdield yn de [[Amerikaanske besettingssône yn Dútslân|Amerikaanske]], [[Britske besettingssône yn Dútslân|Britske]] en [[Sovjet-besettingssône yn Dútslân|Sovjet-besettingssône]]. Parten fan de Amerikaanske en Britske sônes waarden omfoarme ta de [[Frânske besettingssône yn Dútslân|Frânske besettingssône]].
 
Sûnder syn bûnsgenoaten witte te litten anneksearre de Sovjet-Uny it gebiet beëasten de [[Oder-NeissegrinsNeisse grins|Oder-Neisse]] en stie dit gebiet foar it grutste part ôf oan [[Poalen]] yn ruil foar it gebiet dy de Sovjet-Uny fan dat lân yn 1939 anneksearre hie. Sa waard Dútslân yn fjouweren dield en de haadstêd Berlyn waard yn fjouwer sektoaren ferdield. Berlyn wie wynliken in enklave yn de Sovjet-besettingssône. De Sovjet-Uny hie Berlyn beset en ûntromme it westlike part fan de stêd foar de westlike machten. De Feriene Steaten hie parten fan [[Tueringen]] en [[Saksen-Anhalt]] bewesten de Elbe beset en ûntromme dizze gebieten foar de Sovjet-Uny. Militêren fan de fjouwer machten koene harren rûnom bewege yn alle sektoaren fan Berlyn.
 
Op de [[Konferinsje fan Potsdam]] waard troch de alliearden besletten dat Dútslân bestjoerd wurde soe troch de [[Alliearde Kontrôleried]]. Allinnich pleatslik bestjoer bleau yn Dútske hannen. Inkele wichtige doelen fan de besetting wiene: