Kuolkast: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
omstavere 2015
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
omstavere 2015
Rigel 24:
Sommige kuolkasten waarden eartiids dan ek wol '''iiskast''' neamd, as se kuolle waarden troch blokken iis dy't troch in iisfabryk levere waarden of út in [[iiskelder]] helle waarden. Tsjintwurdich binne de wurden yn praktyske sin synonym, mar it wurd "iiskast" wurdt faker brûkt yn fermiddens dêr't eartiids de iisman oan de doar kaam.
 
Foar it tiidrek fan de iiskast moasten foar it goed hâlden fan iten oare techniken brûkt wurde lykas [[wekke]], [[droegjedrûgje]], [[pikelje]] en [[sûkerje]]. By dizze techniken waard de groei fan baktearjen remme troch it ferhjitsjen en [[fakuüm]] meitsjen (fakumearje), it ûnttrekken fan focht of it tafoegjen fan in soad sâlt of sûker. Dit hie in wiziging fan de smaak, de struktuer en faak ek de kleur ta gefolgen, wat by de kuolkast net sa wie. [[Charles Tellier]] ûntwikkele de earste brûkbere kuolling foar libbensmiddels.
 
De iiskast waard yn de earste helte fan de [[20e iuw]] foar it earst brûkt. Mei de ûntwikkeling fan moderne kuoltechniken en de fersprieding fan [[elektrisiteit]] koenen iiskasten har eigen kuolsysteem krije en op it ljochtnet oansluten wurde.