Ferskil tusken ferzjes fan "Moarre"

omstavere 2015
(→‎Keppeling om utens: {{commonscat|Morra, Dongeradeel}})
(omstavere 2015)
[[Ofbyld:Moarre okt2005.jpg|thumb|right|300px|Moarre fanút it sudwesten. It tsjerkje falt op tusken de hege beammen.]]
[[Ofbyld:Moarre tsjerke.JPG|right|thumb|''tsjerke fan Moarre'']]
''' Moarre''' is in [[terpdoarp]] yn de gemeente [[Dongeradiel]] en hat sa'n 240 ynwenners. Der wurdt wol tocht dat Moarre al inkele ieuweniuwen foar de jiertelling ûntstien is.
 
Moarre wurdt meastentiids tagelyk mei [[Ljussens]] neamd. It binne twillingdoarpen. Sa hawwe dan ek mienskiplike foarsjenningen. Moarre is in greidedoarp en yn Ljussens is de bou it wichtichst. Dat sy hawwe beide in oare skiednis en bouwize. It [[molkfabryk]] "De Dongeradielen" fan [[1915]] is yn [[1973]] sletten.
 
== Namme ==
De namme sil fan "sompich lân" komme. Dit kin strike, want Moarre leit oan de noardkant fan it gebiet tusken [[Eanjum]] en [[Ie]] dat [[Eanjumer Kolken|De Kolken]] neamd wurdt en earst sa om [[1900]] hinne, troch de wetterstân better te regeljen brûkber makke is. Guon miene dat de plaknammen 'Longonmore' en 'Mure', út de registers fan [[Kleaster Fulda]] (twadde helte [[8e ieuiuw]]), Moarre betreffe.
 
== Ferbinings ==
== De tsjerke ==
[[File:Vrouwenklooster Weerdt, 1723, tekening Stellingwerf Collectie Fries Museum - Metslawier - 20153681 - RCE.jpg|thumb|Oerbliuwsel fan frouluskleaster Weerd yn 1723]]
De tsjerke dy't wijd wie oan de Hillige Jehannes de Evengelist, is ûntstien yn twadde helte fan de [[13e ieuiuw]]. Yn de [[18e ieuiuw]] hawwe fernijingen oan de tsjerke west, bygelyks it tonferwulft yn [[1737]]. Yn [[1843]] hat der in grutte ferbouwing plak fûn. Doe is de, mooglik '[[16e ieuiuw]]ske, toer ôfbrutsen en de neo-klassike lantearne ta stân kommen en yn 1920/21 krige it gebou in nije flier, kap en ferwulft. De klok (diameter 85cm) is fan [[1659]] en getten troch [[Jurjen Balthasar|Iurien Balthasar]] út [[Ljouwert (stêd)|Ljouwert]].
 
Yn de tsjerke binne noch sarken út de [[16e ieuiuw|16e]] oant [[18e ieuiuw]]. Ut [[1625]] is it lytse [[epitaaf]] foar Wopke fan Scheltema en Frouck Roorda fan [[Ginnum]], bewenners fan Heemstrastate.
 
Moarre hat ek noch ien fan de fjouwer oargels dy't makke binne troch [[Johann Michaell Schwarzburg]] út [[1740]]. De opdrachtjouster wie de widdo Jantsje Nannes Botma. It wapen fan har en har man is der dan ek op oanbrocht.
Yn [[1569]] hawwe de wettergeuzen it kleaster plondere en yn 'e brân stutsen. Dat wie de deastek foar it kleaster. Yn [[1580]] namen de Steaten it kleasterbesit oer. De lettere pleats dy't op it plak fan it kleaster kaam te stean, hie 187 pûnsmiet lân. Foar in pleats in protte, mar der is dus ek in protte lân yn oare hannen oergien.
 
Yn'e 18de ieuiuw stie der neffens [[Jacob Stellingwerf]] noch in gebou mei [[Gotyk|goatyske]] merken, finsters tichtmitsele, op it terrein fan Weerd.
 
== Mienskip ==
10.424

bewurkings