Aldeboarn: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
LNo edit summary
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
omstavere 2015
Rigel 20:
 
== Skiednis ==
Aldeboarn wie mûglik al yn de [[8e ieuiuw]] in wichtich hannelsplak oan de [[Boarn]]. Al yn de achtste ieuiuw wienen der yn Fryslân twa gruttere plakken, ''Nordac'' ([[Dokkum]]) en ''Bordonchorn'' Aldeboarn. De namme moat eat betsjutten hawwe as: 'yn de hoeke fan de Burdo'.
Mooglik hat Aldeboarn ek muntrjocht hân, yn de [[11e ieuiuw]] is der in munt fûn mei it opskrift 'Bordnere'.
 
Yn de tiid dat de Boarn in ferbining foarme mei de [[Middelsee]] hie Aldeboarn in protte skipfeart, wat skipbou meibrocht, mei alle beroppen dy't dêrby hearre. Dat hat ek yn de nijkommende iuwen laat ta in protte nearing. Stadichoan is it belang fan it plak lykwols hieltiid lokaler wurden. Dy ûntwikkeling hat der lykwols al ta laat dat yn it doarp in karakteristyke bou kaam, dy't no as [[beskerme doarpsgesicht]] oanwiisd is. Fuort nei de [[Twadde Wrâldoarloch]] wienen der wol 10 winkellju, 10 bakkers en wol 30 plakken dêr't wat makke of ferkocht waard. Troch it ferline hawwe der noch lang skippers en skipshellingen west. Der wiene doe earst noch in feartsjinst, in trijetal frachtriders en in busûndernimming. De grutste wurkjouwers wienen de Spar-gruthandel en it [[suvelfabryk]]; beide binne der no net mear.
Rigel 29:
== Gebouwen ==
=== Tsjerke ===
Aldeboarn hie oan yn de [[18e ieuiuw]] in [[dowestien]]en Bonifatiustsjerke, dy't al yn de [[13e iuw]] boud waard, doe't Aldeboarn tsjerklik in wichtich plak wie. Yn [[1723]] sloech it waar yn de tsjerketoer, dy't der dêrtroch sa min oan ta wie dat der in nije toer komme moast.
 
Hjirfan giet it ferhaal dat dy fan Aldeboarn dan ek daalks mar de heechste tsjerketoer fan Fryslân hawwe woenen. Fansels wie de heechste tsjerketoer fan Fryslân dy fan [[Tsjom]], dat de Aldeboarnster gongen op besite yn dat doarp, en brûkten in line om de hichte fan de Tsjomster toer te te mjitten. Doe't se nei ôfrin wat dronken slagge it de Tsjomsters lykwols en snij in stik fan de line ôf. Sadwaande bleau de Tsjomster toer de heechste toer fan Fryslân. Om dit ferhaal hjitte de Tsjomsters fan ''Lyntsjesnijers'' en de Boarnsters fan ''Tuorkemjitters''.
Rigel 40:
 
=== Andringastate ===
[[Andringastate (Aldeboarn)|Andringastate]] in state út de [[17e ieuiuw]]
 
=== De Waach ===