Kazachstan: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
omstavere 2015
Rigel 36:
 
== Skiednis ==
Doe't Ruslân yn de [[18e ieuiuw]] it lân ferovere wienen de Kazachen in [[islam]]itysk nomadefolk fan [[Turkije|Turksk]] komôf. Nei de [[Russyske Revolúsje]] waard yn 1920 de Kirgystaanske ASSR binnen de Russyske Federaasje oprjochte, dy't yn 1925 transformearre waard ta de Kazachske ASSR dêr't de Kirgystaanske ASSR him in jier letter fan losmakke (no de republyk [[Kirgyzje]]). It grûngebiet waard ek lytser makke: de stêd Orenburch, oant dy tiid de haadstêd fan de autonome sowjetrepublyk, kaam streekrjocht ûnder Russysk bewâld en Alma-Ata koe de nije haadstêd wurde.
 
Yn [[1936]] waard Kazachstan in folsleine unyrepublyk (SSR) binnen de [[Sowjetuny]]. It ferplichte ferhúzjen nei harren nije huzen as wenten gie de Kazachen min ôf: yn it tiidrek 1926 oant 1939 stoaren 4.000.000 minsken. Fan oare plakken yn de Sowjetuny kaam der in weach fan ymmigranten, dat de Kazachen waarden linkendewei de minderheid yn eigen lân. Tenei wennen benammen yn it noarden in soad ymport en net folle autochtoanen.