Feriene Steaten: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Rotlink (oerlis | bydragen)
L fixing dead links
Rigel 36:
 
[[Ofbyld:WTC9-11.jpg|thumb|200px|Oanslach op it World Trade Center.]]
Nei de Kâlde Kriich bleau de Feriene Steaten oer as iennige supermacht op ierde. Dêrby hienen hja ek in liedende rol yn de Golf Kriich en de kriich yn it eardere [[Joegoslaavje]]. Troch in seksskandaal yn 1998 kaam Bill Clinton wat nuver yn it nijs, mar hy bleau sitten as presidint. By de presidintsferkiezings fan 2000 waard [[George W. Bush]] presidint. Op [[11 septimber]] [[2001]] fleane [[Al Kaida]] terroristen mei fleantugen yn beide tuorren fan it World Trade Center yn [[New York (stêd)|New York City]], it Pentagon by [[Washington, D.C.]], likernôch trije tûzen minsken rekken dêrby dea. In direkt gefolch fan dy oanslaggen wie de "War on Terrorism". Dy't oan 'e ein fan 2001 begûn mei in Amerikaanske ynvaasje yn [[Afganistan]], dêr't de Amerikanen de Taliban by út it lân reagen. De Taliban feroare har taktyk en begûn mei in guerilja kriich. Yn 2002 woe it Bush regear in rezjymwiksel yn [[Irak]] ha. De [[Noard-Atlantyske Ferdrachsorganisaasje|NAFO]] en de [[Feriene Naasjes]] stipen de Feriene Steaten hjirby net, wêrtroch it Bush regear begjint mei in "Coalition of the Willing" (koalysje fan reewilligen). De koalysje foel Irak oan yn [[2003]] en mei in moanne wie de [[Irakkriich]] wûn en de diktator Saddam Hussein fuort. Minskerjochtenorganisaasjes beskuldigen de Feriene Steaten fan it net neikommen fan ynternasjonale ôfspraken op it mêd fan minskerjochten.<ref>[httphttps://archive.is/20120715080730/thereport.amnesty.org/eng/Regions/Americas Ferslach fan Amnesty International]</ref> Op [[4 novimber]] [[2008]], middenmank de [[kredytkrisis]], wurdt [[Barack Obama]] keazen as presidint. Hy is de earste swarte [[presidint fan de Feriene Steaten]].
 
== Geografy ==