Jurjentje Aukes Rauwerda: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Rigel 5:
Jurjentje wie in dochter fan timmerman Auke Klases Rauwerda en Blijke Jurjens. Hoe't en wanear't sy yn de [[prostitúsje]] bedarre is net bekend. Yn 1843 jout se as berop 'naaister' op. Se troude op [[2 novimber]] [[1843]] yn Ljouwert mei [[Benjamin Salomon Weinthal]] ([[Emden]], [[1802]] - [[Amsterdam]], [[1855]]) by wa't sy ien bern krige, Bernard, mar earder hie sy ek al fjouwer bern, dêr't twa fan jong stoarn wienen. Rillegau sette it pear har nei wenjen yn [[Grins (stêd)|Grins]].
 
Yn [[1848]] ferfarreferfear de húshâlding nei Amsterdam. Dêr kochten se in tal pânen op de Pijpenmarkt en rillegau koe it bordeel dêryn iepene wurde. It wie in lúksieus bordeel<ref>Lid ûndersykskommisje A. Voûte yn 1897: ''Het bordeel bevat een wintertuin, een groote salon en verschillende kleinere met een reeks min of meer weelderig gemeubileerde ‘werkkamers’, een badkamer en ‘bazaar’ (slaapzaal). Het huis is den ganschen nacht open en wordt ook zoowel ’s morgens en ’s middags vrij druk bezocht: er komen ook veel vreemdelingen.''</ref>, it grutste fan Amsterdam (oan de Nieuwezijds Voorburgwal 229, op rinôfstân fan de [[Dam (Amsterdam)|Dam]]).
 
Jurjentje neamt harsels 'tapster', Benjamin jout keapman as berop op. Yn 1853 ferhuzet Benjamin nei de Franschelaan yn de Plantage. Jurjentje en de bern bliuwe op de Pijpenmarkt wenjen. Op dat stuit hie it bordeel 15 famkes út Nederlân, Dútslân en Frankryk. Benjamin stoar yn 1855.