Jan Johannes Blanksma: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L De man wie gjin hynder...
Rigel 8:
 
== Wurkpaad ==
Blanksma waard beneamd ta earste skiekundige fan it Laboratoarium fan it Departemint fan FinansjenFinânsjes ûnder de technolooc jhr. [[Willem Alberda van Ekenstein (1857-1937)|Willem Alberda van Ekenstein]]; hjir waarden ûndersikingen op it mêd fan sûkers, earder ûnder [[Lobry de Bruyn]] begûn, yn gearwurking mei Alberda van Ekenstein voortgezet. It slagge om nije sûkers te meitsjen, benammen [[ribose]]; ek slagge it om neui te gean hokker stof ûntstie as men sûkers mei soer ferhjitte, it oksymetylfurfurol, in ferbining dy't mei bepaalde [[reagintsia]], sekere kleurferoarings joech, wêrtroch't it mooglik waard om sûkers op te spoaren. Dy stof liende him der ek foar om keunsthuning, dêr't se yn foarkaam, te ûnderskieden fan natuerhuning, wêryn se net foarkaam.
 
Al earder wie Blanksma deryn slagge ferbinings gear te stallen, dy't in soak liken op de bekende eksplosyfstof: [[pikrinesoer]] (trinitrofenol); dizze nije eksplosyfstoffen, wichtich om harren wittenskiplike betsjutting, mar te djoer foar gebrûk yn de prakty, wienen it besibbe tetranitrofenol en pentanitrofenol. Blanksma beskreau dy ferbiningen en oaren (soms tegearre mei Alberda van Ekenstein) yn ûnder mear de ''Verslagen van de [[Koninklijke Nederlandse Akademie van Wetenschappen]]'', de ''Berichte der Deutschen Chemischen Gesellschaft'', it ''Recueil des Traveaux Chimiques des Pays Bas et de la Belgique'' en it ''[[Chemisch Weekblad]]''.