Boris Nemtsov: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
kt
L earst (noch) mar presidint
Rigel 9:
Nemtsov wie yn [[1990]], fan [[1993]] oant [[1997]] en nochris fan [[1999]] oant [[2003]] lid fan it Russyske parlemint. Ek wied er ûnderfoarsitter fan dat parlemint en fraksjefoarsitter fan 'e Uny fan Rjochtse Krêften. Nei't dy partij yn [[2008]] útinoar fallen wie, wie Nemtsov ien fan 'e oprjochters fan 'e liberale politike beweging [[Solidarnost]], en yn [[2010]] fan 'e koälysje ''Foar in Ruslân sûnder Wetteleazens en Korrupsje'', dy't lykwols fan oerheidswegen de status fan politike partij ûntsein waard. Sûnt [[2012]] wie Nemtsov ien fan 'e foarsitters fan 'e [[Republikeinske Partij fan Ruslân-Folkspartij foar Frijheid]] (RPR-PARNAS), dy't wol as politike partij registrearre wurde koe. Oant syn dea wie Nemtsov fierders lid fan it regionale parlemint fan 'e provinsje [[Jaroslavl (oblast)|Jaroslavl]].
 
Bûten Ruslân krige Nemtsov in beskate bekendheid om't er ien fan 'e fûleindichste tsjinstanners wie fan 'e Russyske [[diktator]]presidint [[Vladimir Pûtin]]. Sa skreau er ferskate publikaasjes wêryn't er Pûtin en dy syn bewâld bekritisearre en ek wied er belutsen by de organisaasje fan hast alle grutte anty-Pûtin-demonstraasjes. Sûnt [[2007]] bekocht er syn polityk aktivisme mei ferskate langere perioaden fan finzenskip, de lêste kear yn [[2011]]. Begjin [[jannewaris]] [[2015]] skreau Nemtsov op 'e Russyske nijs[[webside]] ''Sobesednik'': ''"Ik bin bang dat Pûtin my fermoardzje sil."'' Op [[27 febrewaris]] fan dat jier waard Nemtsov yn Moskou op 'e strjitte deasketten doe't er pal foar it [[Kremlin]] en fuortby it [[Reade Plein]] in demonstraasje oan it opsetten wie tsjin 'e troch it belied fan Pûtin feroarsake finansjele krisis yn Ruslân en tsjin 'e Russyske bemuoienissen yn [[Oekraïne|Oekraynske]] binnenlânske oangelegenheden. Boris Nemtsov wie troud en hie fjouwer bern.
 
{{boarnen|boarnefernijing=