Nes (It Hearrenfean): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
No edit summary
L [[]]
Rigel 13:
[[Ofbyld:Het Terpdorp Nes in de Gemeente Boarnsterhim ..jpg|thumb|300px|''Nes'' (2011)]]
[[Ofbyld:140530 Kerkhof Nes Akkrum Fr NL.jpg|thumb|300px|It hôf fan Nes, mei op de eftergrûn de wettertoer fan Akkrum (2014)]]
'''Nes''' is ien fan de [[doarp]]en yn de gemeente [[It Hearrenfean (gemeente)|It Hearrenfean]]. It doarp hat likernôch 1100 ynwenners. Nes sit wat bebouwing oangiet oan Akkrum fêst, sadat meast sprutsen wurdt oer ''Akkrum-Nes''. De [[wettertoer]] fan Nes is in markant beaken yn it lânskip fan Mid Fryslân.
 
== Skiednis ==
[[Ofbyld: Klokkenstoel Nes 06w.JPG|125px|left|thumb|Klokkestoel Nes-Akkrum]]
Nes is ûntstien op in [[terp]] oan de noardkant fan de [[Boarn]], eastlik fan de [[Nesker Sylroede]]. Op dy terp stie fan [[1228]] oant [[1580]] it [[Nesker Konvint]]. Nei dy tiid ferfoel it gebou. Yn de [[18e iuw]] wie dat sa slim wurden dat men likernôchom 1800 hinne de klok oerbrocht nei in apart klokhús. Op de terp binne no allinnich noch it klokhús en it tsjerkhôf oer.
 
Oant yn de [[19e iuw]] lei it grutste part fan it doarp westlik fan de terp, by de Neskersyl, yn de hoeke tusken Boarn en Sylroede. Mar yn de [[20e iuw]] hat der in grutte útwreiding west oan de súdkant fan de Boarn, en oan it begjin fan de [[21e iuw]] is oan de westkant fan de Sylroede de grutte útwreiding [[Boarnstee]] byboud, dat it doarp is min-ofte-mear nei [[Akkrum]] ta ferplakke. Nes wie oant de [[gemeentlike weryndieling]] fan [[1984]] part fan de eardere gemeente [[Utingeradiel]].