Fresia: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L [[]]
Rigel 2:
 
== Hartochdom Fresia ==
Under it bewâld fan [[Karel de Grutte]] waard yn [[804]] it Fryske rjocht optekene yn de [[Lex Frisionum]] dy't fan tapassing wie op in Hartochdom ''Fresia'' dat har útstrekke fan de [[Sinkfal]] yn [[Flaanderen]], oant de [[Weser]] yn Dútslân.
 
Dat hartochdom hat nea of mar foar koarten tiid in politike ienheid foarme, om't om-ende-by 800 al gjin sprake mear is fan in wisse foarm fan ienheid. Ut it optekene rjocht docht bliken dat er destiids sprake wie fan trije parten, dy't fan elkoar ûnderskieden waarden troch ôfwikende rjochtsbepalingen. Likegoed yn it tiidrek fan de Fryske keningen al nea wis sprake west hat fan in politike ienheid, hat it wengebiet fan de Friezen dêrnei dat ek net mear west en ek tsjerklik soe it gjin ienheid foarme. Troch de Frankyske bestjoerders waard it ferpart oer de bisdommen Utert en Munster en it aartsbisdom Bremen.