Henk Hornstra: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
kt
L [[]]
Rigel 1:
'''Henk Hornstra''' ([[Sondel]], [[30 oktober]] [[1948]] - [[Sint-Anne]], [[16 novimber]] [[2007]]) wie in Frysk politikus en bestjoersfoarsitter fan [[It Fryske Gea]]. Neist foarsitter fan It Fryske Gea wie Hornstra jierrenlang wethâlder en riedslid fan de gemeente [[It Bilt]] en learaar oan de skoallemienskip Ulbe van Houten.
 
Nei de learareoplieding gie hy as jonge tweintiger nei Sint-Anne om dêr biologyles te jaan op de Ulbe van Houten skoallemienskip.
 
Mei Anne Tienstra en Klaas Tuinstra stried Hornstra begjin santiger jierren tsjin de sloop fan de ferpaupere wyk Kattenburg yn Sint Anne. Hornstra wie yn 1974 mei-oprjochter fan de Wurkgroep It Bilt. Syn striidmaten Tienstra en Tuinstra bedarren by de [[PvdA]] en it [[CDA]].<br>
Troch aksjefieren slagge it him om it ynpolderjen fan 4000 hektare bûtendyks natoergebiet tusken [[Swarte Harne]] en [[Holwert]] yn te polderjen te kearen. Yn 1985 tredewaard hy ta aser lid fan it deistich bestjoer fan It Fryske Gea en yn 1992 waard hyer foarsitter fan IFG. Yn dy funksje waard It Fryske Gea yn [[1996]] foar in diel eigener fan it gebiet dêr't er eartiids foar striden hie, it 655 hektare grutte [[Noarderleech]].
 
Yn [[2007]] krige Hornstra de [[Sulveren Swanneblom]] foar syn bestjoerslid-maatskip dy't hast in fearns ieu besloech. Yn dy perioade ferdûbele it ledenoantal fan 'It Gea' fan 12.000 nei 25.000 en groeide dy club út ta in profesjonele natoerbeskermingsferiening. Yn [[1992]] wûn er de [[Fryske Parsepriis]].
 
Nei tweintich jier riedslidmaatskip waard Hornstra yn [[1994]] wethâlder fan It Bilt. Dy funksje hâlde er tolve jier. Yn syn lêste jierren stelde Hornstra de skiednis fan de Wurkgroep It Bildt op skrift. Yn Sint Anne is in parkje nei him neamd.