Mattheus Teffer: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
kt
L [[]]
Rigel 3:
Teffer wie skroar fan syn fak, mar gie yn [[1850]] nei de sindingsskoalle yn [[Rotterdam]]. Yn [[1855]] waard er útstjoerd nei [[Ambon]] yn [[Yndoneezje]] (doe noch [[Nederlânsk-Ynje]]). Hy wie dêr ek tabaksplanter.
 
Doe't er yn 1878 nei in skipbrek rêden waard, die er de gelofte dat er in sikehûs stiftsje soe yn syn berteplak Ljouwert. Hy kocht in hûs yn de Beginestrjitte. Dêr kaam letter it [[Diakonessehûs (Ljouwert)|Diakonessehûs]] út fuort. Doe't Teffer organisatoaryske swierrichheden krige die er de ynstelling oer oan syn sweager J.G.W. Schreuder.
 
Teffer gie werom nei Ynje, rekke ûnder de ynfloed fan de [[Jezuïten]] en waard dêr yn 1895 roomsk-katolyk; syn sindingsgemeente gie mei oer. Teffer stoar op Midden-Java yn Ambarawa.