Starum: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
omstavere 2015
Rigel 34:
Troch it drokke ferkear fan de haven yn de rjochting fan Stienwyk en Koevorden stifte de muonts [[Odulf|Odulfus]] hjir in kleaster. Hy wie stjoerd troch de biskop fan Utert om de Friezen te bekearen ta kristen. Odulfus kaam fia de Fecht, de Flevomar en It Fly by de kust en foer troch oant Starum en fêstige hjir yn [[837]] it Odulfuskleaster.
 
Starum krige as earste fan de [[Fryske stêden| Fryske âlve stêden]] stedsrjocht. Yn de twadde helte fan de alfde iuw regearde in Dútske grevenfamylje yn Fryslân. Se krigen, de namme[[Brunoanen]], Brunoanenneamd nei harren stamfaar, dy't Bruno hjitte. Greve Egbert, ek in telch út dizze famylje fan Brunonen, ferliende Starum al yn in [[1061]] stedsrjochten, dy't de Dútske keizer [[Hindrik V fan it Hillige Roomske Ryk|Hindrik V]] yn 1118 bekrêftige. It wie in hannelsstêd fan belang, mei hannel oant yn [[Ingelân]] en [[Sweden]] ta. De [[grutskipper|grutskippers]] en keaplju underhâlden in soad hannelsrelaasjes mei de lannen om de Eastsee. Troch de útfining fan in nij type skip, de [[kogge]] ûntwikkele dy hannel him nei 1100 omraak.
 
Yn [[1385]] waard Starum lid fan de [[Hânze]]. De skippers fan Starum hienen by passaazje fan de [[Sont]] in âld foarrjocht; by de [[Sonttol|tolheffing]] waard harren foarrang ferliend wat it soad tiidwinst oplevere. By de Eastseehannel spile de Amsterdamske haven in belangrike rol. Hollân wie mei in hurd groeiende befolking foar de fiedselfoarsjenning oanwiisd op nôtymporten út de Eastseelannen. De skippers út Fryslân wienen foar Hollân dêrom fan libbensbelang. By oarloggen tusken Hollân en Fryslân keas Starum dan ek geregeld partij foar Hollân. Mar net by de [[Slach by Warns]] dy 't ek wol oantsjutten wurdt as de '''Slach by Starum'''.