Nes (Noardeast-Fryslân): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
→‎Ferienings: Muzykferiening SDG
Rigel 20:
 
== Skiednis ==
In Nes is in útstekkende lânpunt, en komt grif fan it wurd 'noas'. Nes sil dus op in útstekkende lânpunt lein hawwe. It wurdt foar it earst neamd yn [[1369]] as Nesse. Yn [[1453]] wurdt in Pijbe ter Nesma neamd, yn [[1466]] wurdt it skreaun as Nees. Yn [[1511]] en oare [[16e ieu]]ske kaarten treffe wykomt de namme Nes(s) oanfoar. It buorskip Nesser Grouw is dan in ûnderdiel fan it doarp.
 
It gebiet is yn de [[12e ieu]] bedike, en de âldste bewenningsresten fûn yn de omkriten fan Nes binne ek fan dy tiid. De markante bakstiennen tsjerke fan it doarp is boud yn de [[13e ieu]].
 
Yn [[1639]] wurdt der foar it earst sprutsen fan in [[nôtmûne]] yn Nes. Yn [[1734]] waaide dizze [[standertmûne]] om en waard er ferfongen troch in [[Achtkantmole|achtkante mûne]] mei omrin, dy't yn [[1891]] ôfbaarnde. De nije mûne fan [[1897]] hat tsjinne oant [[1945]], de stiennen ûnderbou is sloopt yn deein jierren 1970. <ref>Keune, Molens s. 46-50. Wijnja, Windmolens, Nes</ref>
 
Súdwestlik fan it doarp leit de beskerme terp Wie. Neffens de [[Schotanuskaart]] leinen dêr trije stimhawwende pleatsen. [[Wopke Eekhoff]] neamt ien dêrfan Wat State.<ref>{{aut|Herma M. van den Berg}}, Noordelijk Oostergo/De Dongeradelen, Nes. Steatsútjouwerij, [[De Haach]] 1983</ref>
 
== Nynke fan Hichtum ==