Sint-Willehadustsjerke (Wremen): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Nije Side: 250px|thumbnail|Sint Willehadustsjerke fanút it suden wei sjoen Ofbyld:2013-05-03 Fotoflug Leer Papenburg DSCF7484.jpg|thumbnail|Loftfoto fan Wremen mei...
(Gjin ferskil)

De ferzje fan 23 mrt 2015 om 02.38

De Sint Willehadustsjerke (Dútsk: Willehadi-Kirche) yn Wremen is in wartsjerke út rûn 1200 hinne. De tsjerke is wide oan de Angelsaksyske misjonaris Willehad, dy't yn de 8e iuw de eastlike Fryske goaën en it Sakselân ta it kristlike leauwen bekeare woe en de earste biskop fan Bremen waard. De tsjerke is ien fan de âldste tsjerkgebouwen yn it troch Friezen stifte Lân Woersten. Tegearre mei de Sint Urbanustsjerke yn Dorum is it ien fan de haadtsjerken fan Woersten. De grutte fan de tsjerken yn de krite tsjut de rykdom yn dizze omkriten oan. De tsjerke hat no in protestânske denominaasje.

Sint Willehadustsjerke fanút it suden wei sjoen
Loftfoto fan Wremen mei tsjerke (2013)

Bouwurk

De tsjerke is boud mei dowestien dat oer wetter oanfierd waard fanút it Rynlân. It gebou hat in skip mei in ynsnuorre rjochthoekige koer. De súdlike muorre fan it skip waard letter fernijd en werboud mei bakstien, mar de noardlike muorre is lykwols noch hieltyd fan dowestien. De sydmuorren fan it skip en de koer binne ferdield troch lisenen. Under de tekrâne sit in rûnebôgefries. De koer waard leger as it skip boud en oan de gevel is te sjen dat it tek eartiids flakker boud is. De machtige westtoer mei in spits fan barok stamt út it earste fearnsiuw fan de 13e iuw. Yn 1914, it earste jier fan de Earste Wrâldkriich, waard om strategyske reden de toer ôfbrutsen oant it ta likese hichte as it skip wie. Yn 1930 waard de toer weropboud, itjinge noch altyd oan de kleuren fan de stiennen te sjen is.