Sarah Young: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
ynfoboks + boarnen
L +plaatsje
Rigel 1:
{{Pornoakteur
| ôfbylding =Sarah Young.jpg
| ôfbyldingstekst =
| ôfbyldingsbreedte =170px
| oare artystenammen =
| echte namme = Sarah Louise Young
Rigel 20:
Sarah Young waard grutbrocht yn it stedsje [[Winchester]], yn it greefskip [[Hampshire]], yn in gesin mei ien jongere broer. Har mem wie in naaister en har heit in [[boukundich yngenieur]]. Yn [[1986]], doe't se fyftjin wie, waard Young op 'e strjitte oansprutsen troch in fotograaf. Se stimde ta om te posearjen foar in stikmannich topless proeffoto's, dy't neitiid publisearre waarden op 'e ferneamde (of beruchte) ''Page Three'' fan it [[bûlevaarblêd]] ''[[The Sun]]''. De positive reäksjes dy't der op dy foto's kamen, laten ta in útnûging oan Young om har by in modelleburo op te jaan. Twa jier letter, yn [[1988]], gie Young út 'e hûs en loek se yn by har doetiidske freon, wylst se allegeduerigen aktyf bleau as model.
 
Fia kunde kaam se yn kontakt mei de pornoyndustry, en nei't se yn [[1989]] mearderjierrich wurden wie, spile se datselde jiers noch yn har earste [[pornografyske film]], in produksje fan it [[Sweden|Sweedske]] ''[[Private (filmstudio)|Private]]''-label, wêrby't se [[seksuële omgong|omgong]] hie mei fiif akteurs tagelyk. Dêrnei wie se in skoftke wurksum foar sawol ''Private'' as de ''[[Color Climax Corporation]]'', oant de [[Dútslân|Dútske]] [[pornoprodusint]] en -[[regisseur]] [[HansSascha MoserAlexander]] (better bekend ûnder syn artystenamme Sascha Alexander) har opmurk. Dyselde helle har nei Dútslân ta en makke har dêr grut. Op [[13 jannewaris]] [[1991]] trouden Young en Moser, mar harren houlik waard in pear jier letter alwer beëinige.
 
Yn it begjin en de midden fan 'e jierren njoggentich wie Sarah Young de ûnomstriden keninginne fan 'e Dútske pornoyndustry, mei û.m. ferskate eigen fideorigen en in eigen produksjebedriuw, ''[[Sarah Young Communications]]''. Hja spile yn teminsten 75 films. Njonken har aktearjen wie se dêrby ek wurksum as [[senarioskriuwer|senarioskriuwster]] en regisseur. Hja wûn ferskillende prizen, mei dêrûnder de ''[[Venus Award]]'' foar bêste Jeropeeske aktrise fan [[1997]]. By de útrikking fan dyseldichste priis, op [[6 desimber]] 1997, kundige se oan dat se har mei koarten út 'e pornoyndustry weromlûke soe. Yn [[1998]] ferfear se nei de [[Feriene Steaten]], dêr't se har op 'e dyk bejaan koe sûnder werkend te wurden, om dêr in rjochtestúdzje te begjinnen.