Ferskil tusken ferzjes fan "Oprah Winfrey"

ynfoboks
(ynfoboks)
{{Akteur
[[File:Oprah Winfrey at 2011 TCA.jpg|right|thumb|230px|Oprah Winfrey yn [[2011]].]]
| ôfbylding = Oprah Winfrey at 2011 TCA.jpg
| ôfbyldingstekst = Oprah Winfrey yn [[2011]].
| ôfbyldingsbreedte = 230px
| echte namme = Orpah<!-- net "ferbetterje"; dit is gjin typflater; har namme is eins 'Orpah' --> Gail Winfrey
| nasjonaliteit = [[File:Flag of the United States.svg|20px]] [[Feriene Steaten|Amerikaansk]]
| berne = [[29 jannewaris]] [[1954]]
| berteplak = [[Kosciusko (Mississippy)|Kosciusko]] ([[Mississippy (steat)|Mississippy]])
| stoarn =
| stjerplak =
| etnisiteit = [[File:Flag of the UNIA.svg|20px]] [[Afro-Amerikanen|Afro-Amerikaansk]] <br>[[File:Flag of the American Indian Movement.svg|20px]] [[Yndianen|Yndiaansk]]
| jierren aktyf = ±[[1985]] – no <small>(as aktrise)</small>
| webside = [http://www.oprah.com www.oprah.com]
}}
'''Oprah Winfrey''' (eins: '''Orpah<!-- net "ferbetterje"; dit is gjin typflater; har namme is eins 'Orpah' --> Gail Winfrey'''; [[Kosciusko (Mississippy)|Kosciusko]] ([[Mississippy (steat)|Mississippy]]), [[29 jannewaris]] [[1954]]), is in [[Feriene Steaten|Amerikaansk]] [[presintatrise]], [[aktrise]], sakefrou, [[tillevyzje]]prosusinte, [[regisseur]] en [[filantropy|filantrope]] fan [[Afro-Amerikanen|Afro-Amerikaansk]] komôf. Hja waard grutbrocht yn earmoede en hie al ier te meitsjen mei [[seksueel geweld]]. Letter waard hja bekend mei har [[praatprogramma]], ''[[The Oprah Winfrey Show]]'', dat yn 'e [[Feriene Steaten]] (en letter ek ynternasjonaal) útstjoerd waard fan [[1986]] oant [[2011]]. Dêrtroch waard Winfrey benammen ekstreem populêr ûnder earst húsfroulju en letter froulju fan alle leeftiden en [[klasse (maatskippij)|klassen]]. Se fertsjinne jild as wetter en wie de rykste Afro-Amerikaan út 'e [[tweintichste ieu]]. Op 't heden (2014) is se de iennichste [[negroïde ras|swarte]] miljardêr yn [[Noard-Amearika]]. Neffens guon mjitstêven is Winfrey no de ynfloedrykste frou fan 'e wrâld, en har aktive stipe foar [[Barack Obama]] wie yn [[2007]]-[[2008]] krúsjaal foar syn ferkiezing ta presidint fan 'e [[Feriene Steaten]].