Ambrosius: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
ynfoboks
Rigel 1:
{{Ynfoboks skriuwer
[[Ofbyld:AmbroseStatue.png|right|thumb|175px|Stânbyld fan Ambrosius.]]
| ôfbylding =
| ôfbyldingstekst =
| ôfbyldingsbreedte =
| oar pseudonym =
| echte namme = Aurelius Ambrosius
| nasjonaliteit = [[File:Vexiloid of the Roman Empire.PNG|15px]] [[Romeinske Ryk|Romeinsk]]
| berne = ±[[340]]
| berteplak = [[Trier]] ([[Romeinske Ryk]])
| stoarn = [[4 april]] [[397]]
| stjerplak = [[Milaan]] ([[Romeinske Ryk]])
| etnisiteit = [[File:Vexiloid of the Roman Empire.PNG|15px]] [[Romeinen|Romeinsk]]
| taal = [[Latyn]]
| sjenre = [[non-fiksje]] ([[religy|religiosa]])
| perioade = [[Aldheid|Lette Aldheid]]
| streaming =
| tema's =
| bekendste wurk(en) = ''[[Oratio Vespertina (Ambrosius)|Oratio Vespertina]]''
| útjouwer =
| prizen =
| jierren aktyf =
| webside = ''n.f.t.''
}}
'''Ambrosius''' of '''Ambroazius''' (folút: '''Aurelius Ambrosius'''; ±[[340]] – [[4 april]] [[397]]) wie in [[tsjerkfaar]] en ien fan 'e wichtichste figueren út 'e [[fjirde ieu|fjirde-ieuske]] [[kristendom|kristlike]] [[Roomsk-Katolike Tsjerke|Tsjerke]]. Hy wie [[teolooch]], [[filosoof]] en [[aartsbiskop]] fan [[Milaan]]. Njonken [[hymne]]n skreau er ek withoefolle teologyske traktaten oer de Tsjerke. Nei syn dea waard er hillich ferklearre, en sadwaande hat er it ta [[beskermhillige]] Milaan brocht.
 
==Libben==
Ambrosius waard om [[340]] hinne berne yn it [[Dútslân|Dútske]] [[Trier]], dêr't yn dy snuorje de keizer fan it [[Westromeinske Ryk]] residearre; syn heit hie dêr de funksje fan [[Pretoriaanske Garde|pretoriaansk]] prefekt foar de [[Galje|Gallyske]] provinsjes. Ambrosius stamme út in ryk [[Romeinske Ryk|Romeinsk]] laach dat sympatisearre mei it [[kristendom]]. Yn [[Rome (stêd)|Rome]] studearre er as jongfeint wittenskippen en [[retoarika]], de keunst fan sprekken yn it iepenbier. Under keizer [[Gratianus]] makke er karriêre as gûverneur fan 'e [[Itaalje|Noarditalyske]] provinsje [[Emylje-Liguerje (Romeinske provinsje)|Emylje-Liguerje]], wêrby't er syn sit hie te [[Milaan]].
[[Ofbyld:AmbroseStatue.png|rightleft|thumb|175px160px|Stânbyld fan Ambrosius.]]
 
Doedestiden bestie yn [[West-Jeropa]] it [[arianisme]] noch as wichtige kristlike streaming. Yn Milaan wie in striid geande tusken arianen en katoliken. Dy wie feroarsake trochdat nei de dea fan 'e [[biskop]] fan Milaan, [[Auksintius fan Milaan|Auksintius]], beide groepearrings harren kandidaten beneamd hawwe woene en it sadwaande mar net iens wurde koene. Yn 'e katedraal dêr't de gearkomste holden waard, rûn it skeel sa heech op dat Ambrosius, yn syn hoedanichheid fan gûverneur, om help frege waard. Hy lei yn 'e stêd op sa'n bêste namme dat er foar beide partijen in akseptabele kandidaat wie, en it folk him mienriedich en folslein ûnferwachts (hy hie gjin inkele tsjerklike wijing ûndergien en wie sels net iens [[doop]]t) ta biskop útrôp. Hy doek ûnder en hope dat it oerwaaie soe, mar doe't de keizer yn in brief ferklearre dat it him skoan taliek dat Ambrosius biskop waard, lei er him der by del en liet er him dope en ta biskop wije.
Line 72 ⟶ 95:
}}
 
[[Kategory:Romeinsk amtner]]
[[Kategory:Romeinsk biskop]]
[[Kategory:Roomsk-katolyk aartsbiskop]]