Belle Époque: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
nije side
 
red
Rigel 1:
[[File:Le Chateau d'eau and plaza, Exposition Universal, 1900, Paris, France.jpg|thumb|right|De Wrâldtentoanstelling fan [[1900]], yn [[Parys]].]]
De '''''Belle Époque''''' (of ek wol '''''la Belle Époque'''''), in [[Frânsk]]e term dy't letterlik "(it) Moaie Tiidrek" betsjut, wie in perioade yn 'e [[skiednis]] fan it fêstelân fan [[Jeropa]] dy't yn 'e regel rekkene wurdt fan 'e ein fan 'e [[Frânsk-Dútske Oarloch]], yn [[1871]], oanoant it begjin fan 'e [[Earste Wrâldoarloch]], yn [[1914]]. Dat wie de tiid dat yn [[Frankryk]] de [[Tredde Republyk (Frankryk)|Tredde Republyk]] fêstige wie, wylst [[Dútslân]] foar it earst yn syn skiednis feriene wie yn in min ofte mear [[sintralisme|sintralistysk]] regearre [[keizerryk]].
 
It wie in perioade dy't karakterisearre waard troch optimisme, [[frede]] ([[kolonialisme|koloniale]] [[oarloch|oarloggen]] bûten beskôging litten), woltier en nije [[technology]]ske en [[wittenskip]]like ûntdekkings. De Frânske haadstêd [[Parys]] stie wer op út 'e púnheapen fan oarloch en boargeroarloch en ûntjoech him ta in sintrum fan [[keunst]] en [[kultuer]], dêr't withoefolle masterwurken fan [[literatuer]], [[muzyk]], [[toaniel]] en [[byldzjende keunst]] it libbensljocht seagen. De ''Belle Époque'' krige syn namme lykwols pas doe't der fanút de [[rinfuorge]]n fan 'e Earste Wrâldkriich op weromsjoen waard en it de soldaten wol in gouden tiidrek taliek.