Belle Époque: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
red
red
Rigel 2:
De '''''Belle Époque''''' (of ek wol '''''la Belle Époque'''''), in [[Frânsk]]e term dy't letterlik "(it) Moaie Tiidrek" betsjut, wie in perioade yn 'e [[skiednis]] fan it fêstelân fan [[Jeropa]] dy't yn 'e regel rekkene wurdt fan 'e ein fan 'e [[Frânsk-Dútske Oarloch]], yn [[1871]], oant it begjin fan 'e [[Earste Wrâldoarloch]], yn [[1914]]. Dat wie de tiid dat yn [[Frankryk]] de [[Tredde Republyk (Frankryk)|Tredde Republyk]] fêstige wie, wylst [[Dútslân]] foar it earst yn syn skiednis feriene wie yn in min ofte mear [[sintralisme|sintralistysk]] regearre [[keizerryk]].
 
It wie in perioade dy't karakterisearre waard troch optimisme, [[frede]] ([[kolonialisme|koloniale]] [[oarloch|oarloggen]] bûten beskôging litten), woltier en nije [[technology]]ske en [[wittenskip]]like ûntdekkings. De Frânske haadstêd [[Parys]] stie wer op út 'e púnheapen fan oarloch en boargeroarloch en ûntjoech him ta in sintrum fan [[keunst]] en [[kultuer]], dêr't withoefolle masterwurken fan [[literatuer]], [[muzyk]], [[toaniel]] en [[byldzjende keunst]] it libbensljocht seagen. De ''Belle Époque'' krige syn namme lykwols pas doe't der fanút de [[rinfuorge]]n fan 'e Earste WrâldkriichWrâldoarloch op weromsjoen waard en it de soldaten wol in gouden tiidrek taliek.
 
Yn 'e [[Feriene Steaten]], dy't yn deseldichste tiid de [[Panyk fan 1873]], in slimme finansjele krisis, wer teboppe kamen, waard de ''Belle Époque'' de ''[[Gilded Age]]'' neamd (letterlik: it "Fergulde Tiidrek"). Yn it [[Feriene Keninkryk]] oerlape de ''Belle Époque'' de ein fan 'e [[Fiktoriaanske Tiid]] en it begjin fan 'e [[Edwardiaanske Tiid]].