Haadmenu iepenje

Changes

red
'''''De Poarten fan it Wâld''''', yn it oarspronklike [[Frânsk]]: '''''Les Portes de la Forêt''''', is in [[roman]] fan 'e hân fan 'e [[joadendom|Joadsk]]-[[Feriene Steaten|Amerikaansk]]e [[skriuwer]], [[heechlearaar]], polityk aktivist, [[Nobelpriis]]winner en [[holokaust]]oerlibbene [[Elie Wiesel]] ([[1928]]). It boek fertelt it ferhaal fan 'e joad Gregor, dy't as jonge yn [[East-Jeropa]] de [[Twadde Wrâldoarloch]] oerlibbet, en syn syktocht nei de man dy't him rêde. Wiesel hat dit ferhaal mear as in bytsje [[autobiografy]]sk makke. ''Les Portes de la Forêt'' waard foar it earst útjûn yn [[1964]]; yn [[2004]] waard it oerset yn it [[Frysk]], mar dy fertaling is spitigernôch nea útjûn.
 
===Ynhâld===
Yn it [[Hongarije]] fan 'e [[Twadde Wrâldoarloch]] ferskûlet de santjinjierrige joadske jonge Gregor him yn in grot. Hy is dêr troch syn âldelju efterlitten, mar hy sjocht harren nea wer; se wurde oppakt troch de [[Dútslân|Dútsers]] en nei de [[konsintraasjekamp]]en ta deportearre, dêr't se omkomme. Underwilens wachtet Gregor yn syn grot op 'e ein fan 'e oarloch en op 'e komst fan 'e [[messias]], sadat dy in ein meitsje kin oan 'e holokaust. Ynstee komt der in oare joad by him, in man dy't fan Gavriel hjit, en dy't úthâldt dat er mei de [[profeet]] [[Elía]] sprutsen hat. Dy soe him ferteld hawwe dat de messias net mear komt, om't er al kommen is, en rûnombywêzich is.
 
Jierren letter, doe't der op 'e nij tsjinrampen drigen, gie de ferneamde ''[[maggid]]'' (preker) [[Dov Ber fan Mezeryts]] (±[[1704]]-[[1772]]), ien fan 'e dissipels fan 'e Baal Shem Tov, nei itselde plak yn it wâld ta. Hy wist net hoe't er it fjoer oanstekke moast, dat hy koe inkeld it gebed opsizze. It wie genôch, en op 'e nij waard mei in wûnder it needlot ôfkeard. Noch letter drige der wer ûnheil, dat doe gie in oare bekende chassidyske lieder, rabbyn [[Moshe Leib Erblich]] fan [[Sassov]] ([[1745]]-[[1807]]), ek it wâld yn. Hy wist net hoe't er it fjoer oanstekke moast en de wurden fan it gebed wiene him nea leard, dat hy koe inkeld dat spesifike plak besykje. It wie genôch en it needlot waard mei in wûnder ôfkeard. Noch wer letter stie der wer in ramp op it punt om oer de Joaden te kommen. Doe foel it oan 'e rabbyn [[Israel Friedman]] fan [[Ružyn]] ([[1796]]-[[1850]]) ta om it folk derfoar te behoedzjen. Mar hy wist net hoe't er it fjoer oanstekke moast, noch hoe't er it gebed opsizze moast, noch hokker plak yn it wâld oft er hinne moast. Dat hy siet thús op syn stoel en koe inkeld ditseldichste ferhaal fertelle. En it wie genôch, en mei in wûnder waard it needlot ôfkeard. Want God hat de minske skepen om't er fan ferhalen hâldt.
 
===Fryske oersetting===
Yn [[2004]] is ''Les Portes de la Forêt'' troch [[Jacobus Knol]] fan [[Dokkum]] oerset yn it [[Frysk]], ûnder de titel ''De Poarten fan it Wâld''. Spitigernôch koed er der gjin [[útjouwer]] foar fine, dat Knol hat de oersetting inkeld foar himsels printsje en ynbine litten, mar hy is nea yn 'e hannel kommen.