Ferskil tusken ferzjes fan "Hans Peter Richter"

ynfoboks
(ynfoboks)
{{Ynfoboks skriuwer
| ôfbylding =
| ôfbyldingstekst =
| ôfbyldingsbreedte =
| oar pseudonym =
| echte namme = Hans Peter Richter
| nasjonaliteit = [[File:Flag of Germany.svg|20px]] [[Dútslân|Dútsk]]
| berne = [[28 april]] [[1925]]
| berteplak = [[Keulen]] ([[Dútslân]])
| stoarn = [[novimber]] [[1993]]
| stjerplak = [[Mainz]] ([[Dútslân]])
| etnisiteit = [[File:Flag of Germany.svg|20px]] [[Dútsers|Dútsk]]
| taal = [[Dútsk]]
| sjenre = [[literatuer|lit.]] [[roman]]s & [[koart ferhaal|koarte ferhalen]], <br>[[berneboek]]en, [[non-fiksje]]
| perioade = 2e helte [[20e ieu]]
| streaming =
| tema's = [[Twadde Wrâldoarloch]]
| bekendste wurk(en) = ''[[Damals War Es Friedrich]]''
| útjouwer =
| prizen = [[Mildred L. Batchelder Award]] 1972
| jierren aktyf = ±[[1955]] – [[1993]]
| webside = ''n.f.t.''
}}
'''Hans Peter Richter''' ([[Keulen]], [[28 april]] [[1925]] – [[Mainz]], [[novimber]] [[1993]]) wie in [[Dútslân|Dútsk]] [[skriuwer]] en [[útjouwer]]. Hy waard benammentlik bekend as auteur fan in stikmannich [[berneboek]]en oer de [[Twadde Wrâldoarloch]] en de dêroan foarôfgeande jierren dat [[Dútslân]] ûnder it bewâld fan 'e [[nazys]] stie. Syn meast ferneamde en súksesfolle wurk wie de [[roman]] ''[[Damals War Es Friedrich]]''.
 
Richter wie hikke en tein yn Keulen. Under de Twadde Wrâldoarloch tsjinne er fan [[1942]] oant [[1945]] yn it Dútske leger, en ferlear dêrby syn lofterearm. Fan [[1948]] oant [[1952]] studearre er [[psychology]] en [[sosjology]], earst yn Keulen, mar letter ek yn [[Bonn]] en [[Mainz]]. Syn doktoraat behelle er oan 'e universiteit fan [[Tübingen]]. Neitiid wurke er foar ferskate radiostjoerders en bedriuwen, wylst er yn syn frije tiid begûn te skriuwen. Twaris krige er foar syn skriuwwurk in [[stipendium]] útkeard fan 'e ''[[Cité Internationale des Arts]]'' te [[Parys]]. Yn [[1973]] waard Richter perfester wittenskipsmetodyk en sosjology oan 'e hegeskoalle yn it [[Hessen|Hessyske]] [[Darmstadt]]. Richter ferstoar yn [[1993]] yn Mainz.
 
Fan al syn wurk wie de jeugdroman ''[[Damals War Es Friedrich]]'', dy't er yn [[1961]] publisearre, fierwei it meast súksesfol. It boek giet oer it libben fan twa jonges, de iene fan [[kristendom|kristlik]] komôf, de oare in [[joadendom|joad]], dy't tegearre opgroeie yn 'e nazy-tiid. Dizze roman waard yn Dútslân oant [[2008]] 57 kear werprinte, is oerset yn 13 talen (wêrûnder it [[Frysk]]) en der binne wrâldwiid mear as twa miljoen eksimplaren fan ferkocht. Oan Richter waard foar dit boek û.m. yn [[1972]] de prestizjeuze ''[[Mildred L. Batchelder Award]]'' fan 'e ''[[American Library Association]]'' takend.
 
==Wurk (in kar)==