Juan Martínez de Jáuregui y Aguilar: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
ynfoboks
Rigel 1:
{{Ynfoboks skriuwer
| ôfbylding =
| ôfbyldingstekst =
| ôfbyldingsbreedte =
| oar pseudonym = Juan Martínez de Jáuregui <br>&nbsp;&nbsp;&nbsp;y Hurtado de la Sal
| echte namme = Juan Martínez de Jáuregui <br>&nbsp;&nbsp;&nbsp;y Aguilar
| nasjonaliteit = [[File:Flag of Spain.svg|20px]] [[Spanje|Spaansk]]
| berne = [[24 novimber]] [[1583]]
| berteplak = [[Sevilla]] ([[Spanje]])
| stoarn = [[11 jannewaris]] [[1641]]
| stjerplak = [[Madrid]] ([[Spanje]])
| etnisiteit = [[File:Flag of Andalusia.svg|20px]] [[Andalûsiërs|Andalûsysk]]
| taal = [[Spaansk]]
| sjenre = [[poëzij]], [[non-fiksje]]
| perioade = 1e helte [[17e ieu]]
| streaming = [[Renêssânse]]
| tema's =
| bekendste wurk(en) = ''Rimas''
| útjouwer =
| prizen =
| jierren aktyf = [[1618]] – [[1641]]
| webside = ''n.f.t.''
}}
'''Juan Martínez de Jáuregui y Aguilar''' ([[Spaansk]]e útspr.: [xwɑn mar'tinɛð də 'xɑurəɡi i aɡi'lar]), ek wol bekend as: '''Juan Martínez de Jáuregui y Hurtado de la Sal''' ([[Sevilla]], [[24 novimber]] [[1583]] – [[Madrid]], [[11 jannewaris]] [[1641]]) wie in [[Spanje|Spaansk]] [[dichter]], [[oersetter]], [[wittenskipper]] en [[keunstskilder]] yn it lêst fan wat wol de [[Spaanske Goudene Ieu]] neamd wurdt. As dichter stie er bekend om syn fûleindich ferset tsjin 'e nije dichtstilen fan 'e Spaanske [[barok]], al wie dat wetterterskjen, wêrby't er úteinlik belies jaan moast. As oersetter wied er ferantwurdlik foar in iere Spaanske fertaling fan 'e ''Pharsalia'', fan 'e [[Romeinske Ryk|Romeinske]] dichter [[Lukanus]], al waard dy pas lang nei syn dea publisearre.
 
Line 4 ⟶ 27:
Juan Martínez de Jáuregui y Aguilar waard yn [[1583]] berne yn it [[Andalúsje|Andalusyske]] [[Sevilla]]. Hy wie it fyfde bern yn it gesin fan don Miguel Martínez de Jáuregui, in ''[[hidalgo]]'' (lid fan 'e Spaanske legere adel sûnder fierdere titel) út it gewest [[La Rioja]], en doña Isabel Hurtado de la Sal, út Sevilla. Syn âldste broer brocht it letter ta ''regidor'' (kommissaris) fan Sevilla. Eins hiet Jáuregui fan Juan Martínez de Jáuregui y Hurtado de la Sal, mar hy feroare op eigen manneboet syn twadde efternamme (dy't fan syn mem kaam) yn "Aguilar", de efternamme fan ien fan syn beppes.
 
[[File:Cervates jauregui.jpg|right|thumb|250px|Portret fan [[Miguel de Cervantes|Cervantes]] troch Jáuregui.]]
Oer Jáuregui syn jonkheid is frijwol neat bekend, al wurde der yn syn traktaat ''Arte de la Pintura'' ("De Skilderkeunst") ferwizings makke nei ferskate reizen nei [[Itaalje]]. Fierders is it bekend dat er in hoart yn [[Rome (stêd)|Rome]] ferbleau, foar 't neist om skilderjen te learen. Koart foar [[1610]] kearde er mei 26 jier werom yn Spanje, doe't er al namme makke hie as sawol [[skilder]] as [[dichter]]. Sa hied er yn [[1600]] al in portret skildere fan 'e ferneamde Spaanske [[skriuwer]] [[Miguel de Cervantes]].
 
Line 10 ⟶ 32:
 
Troch de ynfloed fan [[Gaspar de Guzmán, greve-hartoch fan Olivares]], waard Jáuregui beneamd ta [[keamerhear]] fan 'e Spaanske kening [[Filips IV fan Spanje|Filips IV]]. Yn [[1624]] fierde er mei syn ''Discurso Poético contra el Hablar Culto y Oscuro'' ("Dichterlik Traktaat tsjin it Kultyske en Obskuere Geëamel") in kundige oanfal út op 'e nije styl, wylst er dêrby teffens syn eigen artistike ideeën út 'e doeken die. Dat smiet him it lidmaatskip fan 'e [[Oarder fan Calatrava]] op, in keninklike ûnderskieding. Lykwols is it dúdlik dat er troch de fûleindige polemyk wat út 'e stokken rekke wie, want út syn ''Orfeo'' (ek út 1624) blykt dúdlik de ynfloed fan Góngora.
[[File:Cervates jauregui.jpg|right|thumb|250px200px|Portret fan [[Miguel de Cervantes|Cervantes]] troch Jáuregui.]]
 
Jáuregui stoar yn 'e Spaanske haadstêd [[Madrid]], yn jannewaris [[1641]]. Hy liet in oersetting fan 'e ''Pharsalia'' fan 'e Romeinsk dichter [[Lukanus]] nei, dy't pas yn [[1684]] útjûn waard. Ut dy fertaling docht bliken dat Jáuregui úteinlik alhiel bekeard waard ta de nije dichtstyl, en men wol wol hawwe dat er troch de likenissen tusken Lukanus en Góngora te fergrutsjen (dy't allebeide berne wiene yn [[Kordoba]]), mei opsetsin de fersen fan 'e iere dichter yn 'e styl fan 'e lettere master getten hat. Dat is mooglik, mar it kin fansels likegoed wêze dat Jáuregui syn tajaan oan 'e populêrste dichtstyl fan syn tiid in ûnbewust proses wie dat him ûngemurken bekroep.
Line 26 ⟶ 49:
{{boarnen|boarnefernijing=
* {{Aut|Jáuregui y Aguilar, Juan Martínez de}}, ''Op in Wrak op it Strân fan de See'' (oers. Klaas Bruinsma), yn: ''HJIR'', 1984, ôfl. 3, s. 28.
----
 
 
Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: [http://en.wikipedia.org/wiki/Juan_Martínez_de_Jáuregui_y_Aguilar ''References'', op dizze side].
}}
Line 33 ⟶ 55:
{{DEFAULTSORT:Jauregui y Aguilar, Juan Martínez de}}
[[Kategory:Spaansk dichter]]
[[Kategory:Spaansk publisist]]
[[Kategory:Spaansk oersetter]]
[[Kategory:Skriuwer fan wa't ien of mear wurken yn it Frysk oerset binne]]