Philip Bliss: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
ynfoboks
L →‎Libben: [[]]
Rigel 34:
Yn [[1869]] rekke Bliss behelle yn it wurk fan 'e [[evangelist]] [[Dwight L. Moody]]. Nei't er in meiwurker fan Moody, majoar [[Daniel Webster Whittle]] fertellen heard hie oer dy syn ûnderfinings út 'e Boargeroarloch, skreau Bliss de hymne ''Hold the Fort''. Moody en oaren út syn fermidden fiteren Bliss oan om syn baan deroan te jaan en fulltime-gospelsjonger en -evangelist te wurden. Yn [[1874]] besleat Bliss einlings dat dat yndie syn ropping wie. Hy naam ûntslach en lei him ta op evangelisaasjewurk. Foar it oeuvre oan hymnen dat er tsjin dy tiid skreaun hie, ûntfong er aardich wat royaltys, dy't er fierhinne bestege oan goeddiedichheid en evangelisaasje.
 
Op [[29 desimber]] [[1876]] wiene Bliss en de frou mei in trein fan 'e ''Pacific Railroad'' ûnderweis, doe't se by [[Ashtabula (Ohio)|Ashtabula]], yn Ohio, in spoarbrêge oerstieken. Op it stuit dat harren trein midden op 'e brêge wie, stoarte dy yn, en de [[Stoomlokomotyf|lokomotyf]] en alle wagons foelen yn it ravyn, in ûngemak dat bekend kaam te stean as de [[Ashtabula-treinramp]]. Bliss oerlibbe de ramp, mar doe't er seach dat der brân útbriek yn 'e wagons, gied er werom om syn frou te rêden. Dêrnei waard neat mear fan him fernommen. Fan de stoflike omskotten fan him en syn frou waard neat weromfûn. Fan 'e 160 treinpassazjiers kamen 92 om it libben. Philip Bliss wie 38 jier doe't er stoar. Syn soannen George en Philip Paul jr., dy't doedestiden fjouwer, resp. ien jier âld wiene (en dy't net mei har âldelju yn 'e trein sitten hiene), bleaune as weesbern efter. Letter waard yn Rome, yn Pennsylvania, in monumint foar Bliss oprjochte.
 
Bliss syn koffer oerlibbe wûnder boppe wûnder ûnskansearre sawol de ramp as it fjoer. Neitiid waard dêryn in manuskript ûntdutsen mei de tekst fan 'e hymne ''I Will Sing of My Redeemer'', dy't ien fan Bliss syn bekendsten wurde soe, en de iennichste dêr't er sels gjin muzyk foar skreau. It waard troch de komponist [[James McGranahan]] op muzyk set, en wie ien fan 'e earste lieten dy't troch de útfiner [[Thomas Alva Edison]] opnommen waard op in [[grammofoan]]plaat.