Tomas fan Kempen: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
ynfoboks
Rigel 1:
{{Ynfoboks skriuwer
[[File:Thomas von Kempen JS.jpg|right|thumb|250px|Tomas fan Kempen.]]
| ôfbylding = Thomas von Kempen JS.jpg
'''Tomas fan Kempen''' (of: '''Thomas à Kempis'''), minder bekend ûnder syn eigentlike efternamme '''Tomas Hemerken''' ([[Kempen (Dútslân)|Kempen]] ([[Dútslân]]), ±[[1380]] – [[Swol]], [[25 july]] [[1471]]), wie in [[Nederlân]]sk [[augustinen|augustynsk]] [[kanunnik]], [[preester]], kopiïst, [[skriuwer]] en [[mystikus]] út 'e [[Midsieuwen]]. Hy wie de auteur fan ''[[De Imitatitione Christi]]'', wat ien fan 'e meast ferneamde [[kristendom|kristlike]] boeken is oer [[spiritualiteit]]. Tomas fan Kempen wie lid fan de spirituële beweging fan 'e [[Moderne Devoasje]], en in folgeling fan [[Geert Groote]] en [[Floris Radewijnsz.]], de stifters fan 'e [[Bruorren fan it Miene Libben]].
| ôfbyldingstekst =
| ôfbyldingsbreedte = 230px
| oar pseudonym = Thomas à Kempis
| echte namme = Tomas Hemerken
| nasjonaliteit = [[File:Black St George's Cross.svg|20px]] [[Keulen (prinsbisdom)|Keulsk]] <br>[[File:Flag of the prince-bishopric of Utrecht.svg|15px]] [[Utert (prinsbisdom)|Utertsk]]
| berne = ±[[1380]]
| berteplak = [[Kempen (Dútslân)|Kempen]] ([[Keulen (prinsbisdom)|Keulen]])
| stoarn = [[25 july]] [[1471]]
| stjerplak = [[Swol]] ([[Utert (prinsbisdom)|Utert]])
| etnisiteit = [[File:Flag of the Netherlands.svg|20px]] [[Nederlanners|Nederlânsk]]
| taal = [[Latyn]]
| sjenre = [[hilligelibben]]s, [[non-fiksje]] <br>([[religy|religiosa]])
| perioade = [[Midsieuwen]]
| streaming = [[Moderne Devoasje]]
| tema's =
| bekendste wurk(en) = ''Vita Lidewigis'' <br>''Vita Gerardi Magni'' <br>''[[De Imitatione Christi]]''
| útjouwer =
| prizen =
| jierren aktyf = [[1399]] – [[1471]]
| webside = ''n.f.t.''
}}
'''Tomas fan Kempen''' (of: '''Thomas à Kempis'''), minder bekend ûnder syn eigentlike efternamme '''Tomas Hemerken''' ([[Kempen (Dútslân)|Kempen]] ([[Dútslân]]), ±[[1380]] – [[Swol]], [[25 july]] [[1471]]), wie in [[Nederlân]]sk [[augustinen|augustynsk]] [[kanunnik]], [[preester]], kopiïst, [[skriuwer]] en [[mystikus]] út 'e [[Midsieuwen]]. Hy wie de auteur fan ''[[De ImitatitioneImitatione Christi]]'', wat ien fan 'e meast ferneamde [[kristendom|kristlike]] boeken is oer [[spiritualiteit]]. Tomas fan Kempen wie lid fan de spirituële beweging fan 'e [[Moderne Devoasje]], en in folgeling fan [[Geert Groote]] en [[Floris Radewijnsz.]], de stifters fan 'e [[Bruorren fan it Miene Libben]].
 
==Libben==
Tomas waard berne yn in ienfâldige húshâlding yn it [[Nederryn|Nederrynske]] [[Kempen (Dútslân)|Kempen]], deunby [[Krefeld]], yn it [[Kleverlân]], in krite dy't tsjintwurdich by [[Dútslân]] heart, mar oant de [[achttjinde ieu]] ta de [[Nederlannen]] rekkene waard. Syn eigentlike efternamme wie Hemerken, wat [[Kleverlânsk]] is foar "hammerke" en dat letter ek wol werjûn is yn [[Dútsk]] oersetting as Haemerken, Hämerken of Hammerlein. Syn heit Jan wie in [[hoefsmid]], en syn mem Gertrude in [[skoaljuffer]].
[[Image:Zwolle Begraafplaats Bergklooster Monument Thomas-von-Kempen a Kempis.jpg|thumb|left|150px190px|Monumint foar Tomas fan Kempen by de yngong fan it [[tsjerkhôf]] Berchkleaster yn [[Swol]].]]
 
Yn [[1392]] folge er syn broer Jan nei [[Dimter]] ta, yn it [[Oerstift]] fan it [[bisdom]] [[Utert (bisdom)|Utert]], om dêr nei in heech oanskreaune [[Latyn]]ske skoalle te gean dy't troch [[mûnts]]en laat waard. Dêre kaam er yn 'e kunde mei de [[Bruorren fan it Miene Libben]], dat folgelingen wiene fan 'e spirituële [[Moderne Devoasje]]-beweging fan [[Geert Groote]]. Tomas bleau oant [[1399]] op 'e skoalle yn Dimter.
Line 11 ⟶ 33:
 
It kleaster rekke in hoartsje yn ûnstjoer doe't de [[paus]] in nije [[biskop-elekt]] fan Utert, [[Rudolf fan Diepholt]], ôfwiisde, mar fierders wie Tomas syn libben dêr freedsum en stil, wylst er syn tiid trochbrocht mei devoasje-oefenings, skriuwen en kopiëarjen. Sa skreau er de folsleine [[Bibel]] mar leafst fjouwer kear oer; ien fan dy kopyen, besteande út fiif dielen, wurdt noch altiten bewarre yn it Dútske [[Darmstadt]]. Tomas stoar yn [[1471]] te Swol.
[[Image:Zwolle Begraafplaats Bergklooster Monument Thomas a Kempis.jpg|thumb|right|200px|Monumint foar Tomas fan Kempen by de yngong fan it [[tsjerkhôf]] Berchkleaster yn [[Swol]].]]
 
It biente fan Tomas fan Kempen lei oant [[2005]] yn in [[skryn]] yn 'e Sint-Michaëlstsjerke te [[Swol]]. Om't dy tsjerke lykwols yn novimber fan dat jier sletten waard, binne se mei [[pinkster]] [[2006]] foargoed oerbrocht nei de basilyk fan Us Leaffrou te'n Himelopnimming yn it sintrum fan 'e stêd.
Line 17 ⟶ 38:
==Wurk==
Tomas fan Kempen hearde ta de [[mystikus|mystisy]] dy't yn dy tiid rûnom foarkamen yn it streamgebiet fan 'e [[Ryn]], fan [[Switserlân]] ôf oan 'e Nederlannen ta. Hy wie tige ûnderlein yn 'e Bibel, en syn wurken tille dan ek op fan 'e bibelsitaten, fral út it [[Nije Testamint]]. Hy skreau foar it meastepart yn it [[Latyn]] en syn wurk wurdt yn 'e regel karakterisearre troch de sterke [[spiritualiteit]] dy't derút sprekt. It oeuvre fan Tomas fan Kempen omfiemet [[hilligelibben]]s, meditaasjes, brieven en preken.
[[Image:Thomas a Kempis Schrijn.JPG|thumb|leftright|180px350px|De [[skryn]] mei it biente fan Tomas fan Kempen.]]
 
Wat de hilligelibbens oangiet, moatte de ''Vita Lidewigis'' (oer it libben fan 'e hillige [[Lidwina fan Skiedaam]]), de ''Vita Gerardi Magni'' (oer [[Geert Groote]]) en [[biografy]]en fan [[Floris Radewijnsz.]] en njoggen oare Bruorren fan it Miene Libben neamd wurde. Ek syn rige preken foar de mienskip fan 'e Sint-Agnitenberch wurde as tige wichtich beskôge. Mar syn meast ferneamde wurk is ''[[De Imitatione Christi]]'', dat yn [[1929]] troch [[Adzer H. de Vries]] yn it [[Frysk]] oerset is as ''[[It Neifolgjen fen Christus]]''. Dat is in bondel fan fjouwer traktaten, wêrfan't it âldste manuskript út [[1424]] datearret. It waard yn [[1471]]-[[1472]] te [[Augsburch]] printe en foel der goed yn; it wie nei de Bibel it meast fersprate boek fan 'e [[Lette Midsieuwen]]. Fan in ferlykber soarte en trochstrings yn deselde geast binne Tomas fan Kempen syn wiidweidige [[meditaasje]]s oer it libben en de seinings fan [[Jezus Kristus]], en oer de [[Weropstanning]].