Tony Beets: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
ynfoboks
Rigel 1:
{{Persoan algemien
| ôfbylding =
| ôfbyldingstekst =
| ôfbyldingsbreedte =
| echte namme =
| oare namme(n) =
| nasjonaliteit = [[File:Flag of the Netherlands.svg|20px]] [[Nederlân]]sk <br>[[File:Flag of Canada.svg|20px]] [[Kanada|Kanadeesk]]
| berne = [[1959]]
| berteplak = [[Wijdenes]] ([[Noard-Hollân]])
| stoarn =
| stjerplak =
| etnisiteit = [[File:Frisian flag.svg|20px]] [[Friezen|Frysk]]
| berop/amt = [[goud]]siker
| aktyf as =
| jierren aktyf = [[1987]] – no
| reden bekendheid = docht mei oan 'e [[realitytillefyzje|reality]]searje <br>&nbsp;&nbsp;&nbsp;''[[Gold Rush (telefyzjesearje)|Gold Rush]]''
| bekendste wurk(en) =
| prizen =
| webside =
}}
'''Tony Beets''' ([[Wijdenes]], [[1959]]) is in [[Fryslân|Frysk]]-[[Kanada|Kanadeesk]] [[goud]]siker, dy't wrâldferneamd wurden is trochdat er sûnt [[2011]] meidocht oan 'e [[realitytillefyzje]]searje ''[[Gold Rush (telefyzjesearje)|Gold Rush]]'', fan it [[Discovery Channel]].
 
Line 4 ⟶ 24:
Beets waard berne yn it [[West-Fryslân|Westfryske]] [[Wijdenes]], mar ferhuze mei syn [[Friezen|Fryske]] âlden werom nei it heitelân doe't er sân jier wie. Hja setten har nei wenjen yn [[Burchwert]], dêr't Beets syn lettere frou [[Minnie Beets|Minnie]] (Mintsje) syn buorfamke wie. Beets waard [[boer]], mar [[emigraasje|emigrearre]] yn [[1984]] mei de frou nei [[Kanada]], mei de bedoeling om dêr ek te buorkjen. Doe't dat op 'e non rûn, wurke er trije jier lang mei oan 'e oanlis fan [[ierdoalje|oaljepiiplinen]].
 
Yn dy tiid krige er foar it ferstân dat der in protte jild te fertsjinjen foel mei [[goud]]sykjen, dat hy besleat om dat sels ek ris te prebearjen. Mei lok en in protte hurd wurk hat er him sûnt witten te hanthavenjen yn 'e drege en rûge Kanadeeske goudsikerswrâld. Tsjintwurdich runt er de grutte Paradise Hill-goudmyn yn 'e [[Yukon]], deunby [[Dawson City]]. Syn frou Minie docht de boekhâlding en trije fan syn fiif bern (soannen Kevin en Michael en dochter [[Monica Beets|Monica]]) wurkje mei yn 'e myn. Neffens de [[webside]] ''GetNetWorth.com'' hat Beets in fermogen fan om ende by de [[Kanadeeske dollar|K$]]5 miljoen<ref>[http://www.getnetworth.com/tony-beets-net-worth GetNetWorth.com]</ref>, al sil infierwei grutit grutste part dêrfan grif fêstsitte yn alle swiere masinery dy't nedich is foar de eksploitaasje fan 'e myn.
 
Yn [[2011]] makken Tony Beets en syn gesin harren debút yn seizoen 2 fan 'e [[realitytillefyzje]]searje ''[[Gold Rush (telefyzjesearje)|Gold Rush]]'', fan it [[Discovery Channel]]. Mei syn ynnimmende persoanlikheid en syn smoute praat hat Beets sûnt in grutte kliber fans wûn en is er de wrâld oer tige populêr wurden. De searje jout in (grif wat romantisearre) byld fan 'e deistige gong fan saken en swierrichheden by it sykjen nei goud yn it woeste noarden fan Kanada.