Ferskil tusken ferzjes fan "Grutte Earn"

882 bytes grutter ,  6 jier lyn
ynfoboks
(ynfoboks)
{{Persoan algemien
[[File:Wambditanka c1864.jpg|right|thumb|200px|Grutte Earn, om [[1864]] hinne.]]
| ôfbylding =
| ôfbyldingstekst =
| ôfbyldingsbreedte =
| echte namme = Waŋbdí Tháŋka
| oare namme(n) = Big Eagle
| nasjonaliteit =
| berne = ±[[1827]]
| berteplak = by [[Eagan (Minnesota)|Eagan]] ([[Minnesota]])
| stoarn = [[1906]]
| stjerplak =
| etnisiteit = [[File:Flagge United Sioux Tribes.PNG|20px]] [[Dakota (folk)|Dakota]]-[[Sû (folk)|Sû]] (''Sioux'')
| berop/amt = opperhaad fan de [[Mdewakanton]]
| aktyf as =
| jierren aktyf = [[1857]] – [[1906]]
| reden bekendheid =
| bekendste wurk(en) =
| prizen =
| webside =
}}
'''Grutte Earn''' ([[Dakota (taal)|Dakota]]: '''Waŋbdí Tháŋka''', útspr.: [wãb'di: 'tʰã:ka]; [[Ingelsk]]e oersetting: '''Big Eagle'''; ±[[1827]] – [[1906]]), wie in opperhaad fan 'e [[Mdewakanton]]-substamme fan 'e [[Eastlike Dakota (folk)|Eastlike Dakota]]-[[Sû (folk)|Sû]] (''Sioux''), in [[Yndianen|Yndiaansk]] folk út it gebiet bewesten de [[Grutte Marren]] en fan it easten fan 'e [[Grutte Flakten (Noard-Amearika)|Grutte Flakten]] fan [[Noard-Amearika]]. Hy waard benammen bekend troch syn belutsenens by de [[Dakota-Oarloch fan 1862]], doe't er ien fan 'e oanfierders fan syn folk wie.
[[File:Wambditanka c1864.jpg|rightleft|thumb|200px180px|Grutte Earn, om [[1864]] hinne.]]
 
==Libben==
Grutte Earn waard berne yn 'e omkriten fan it hjoeddeistige plak [[Eagan (Minnesota)|Eagan]], yn 'e [[Feriene Steaten|Amerikaanske]] [[Amerikaanske steaten|steat]] [[Minnesota]]. Yn [[1857]] folge er syn heit Griis Izer (Máza Ȟóta; útspr.: ['ma:za 'χo:ta]) op as opperhaad fan harren Mdewakanton-troep. Mei oare lieders fan 'e Eastlike Dakota reizge er yn [[1858]] alhiel nei it fiere [[Washington, D.C.]], foar ûnderhannelings mei de Amerikanen.
 
Yn [[1862]] kamen de Eastlike Dakota yn Minnesota ûnder lieding fan [[Lytse Krie]] yn opstân, dêrta dreaun troch in mislearre rispinge nei in winter wêryn't in protte fan harren al de hongerdea stoarn wiene. Yn dy needsitewaasje lieten de jierlikse betellings mar op har wachtsje (dy't it Amerikaanske regear de Dakota neffens de ferdraggen skuldich wie), en de pleatslike keaplju wegeren kâldwei om harren op 'e pof iten te ferkeapjen. Grutte Earn joech him mei syn krigers by de opstannelingen en focht mei yn 'e fjildslaggen by [[Slach by New Ulm|New Ulm]], [[Slach by Fort Ridgeley|Fort Ridgeley]], [[Slach by Birch Coulee|Birch Coulee]] en [[Slach by Wood Lake|Wood Lake]].