Stomp Mês: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
ynfoboks
Rigel 1:
{{Persoan algemien
[[File:Dull Knife.jpg|right|thumb|250px|Stomp Mês.]]
| ôfbylding = Dull Knife (Morning Star).jpg
'''Moarnsstjer''' ([[Sjajinsk]]: '''Vóóhéhéve''', útspr.: ['vo:hɪhɪvɪ]; [[Ingelsk]]e oersetting: '''Morning Star'''; ±[[1810]] – [[1883]]), wie yn 'e twadde helte fan 'e [[njoggentjinde ieu]] ien fan 'e wichtichste opperhaden fan 'e [[Noardlike Sjajinnen]] (''Northern Cheyenne''), in [[Yndianen|Yndiaansk]] folk fan 'e [[Grutte Flakten (Noard-Amearika)|Grutte Flakten]] fan [[Noard-Amearika]]. Hy is lykwols benammen bekend wurden ûnder de namme dy't de [[Sû (folk)|Sû]] (''Sioux''), de tradysjonele bûnsgenoaten fan 'e Sjajinnen, him joegen: '''Stomp Mês''' ([[Sû (taal)|Sû]]: '''Tamílapéšni''', útspr.: [ta'mi:lape:ʃni]; Sjajinske oersetting: '''Motšêške Ôhnêxahpo''', útspr.: [mot'ʃɪʃkɪ o'hnɪxahpo]; Ingelske oersetting: '''Dull Knife'''). Hy wie al by syn libben wiid ferneamd om syn ferset tsjin 'e [[kolonisaasje]] fan it [[Wylde Westen]] troch de [[Feriene Steaten]], en waard sels troch blanke auteurs út dy tiid gauris omskreaun as ''"an admirable outlaw"'' (frij fertaald "in wurdearre smjunt"), dy't wolris ferlike waard mei de ferneamde [[Skotlân|Skotske]] rôvershaadman [[Rob Roy MacGregor|Rob Roy]]. De Noardlike Sjajinnen tankje it grutdiels oan Stomp Mês dat se hjoed de dei in [[Yndianereservaat|reservaat]] yn harren oarspronklike wengebiet hawwe.
| ôfbyldingstekst =
| ôfbyldingsbreedte = 215px
| echte namme = Vóóhéhéve
| oare namme(n) = Morning Star, Tamílapéšni, <br>Dull Knife
| nasjonaliteit =
| berne = ±[[1810]]
| berteplak = ? ([[Montana]])
| stoarn = [[1883]]
| stjerplak = yn it [[Noardlike Sjajinne Reservaat|Noardlike Sjajinne <br>Reservaat]] ([[Montana]])
| etnisiteit = [[File:Flagge fan de Noardlike Sjajinne Stamme.PNG|20px]] [[Noardlike Sjajinnen|Noardlik&nbsp;Sjajinsk]]
| berop/amt = opperhaad fan de <br>&nbsp;&nbsp;&nbsp;[[Noardlike Sjajinnen]]
| aktyf as =
| jierren aktyf = ±[[1835]] – [[1883]]
| reden bekendheid =
| bekendste wurk(en) =
| prizen =
| webside =
}}
'''Moarnsstjer''' ([[Sjajinsk]]: '''Vóóhéhéve''', útspr.: ['vo:hɪhɪvɪ]; [[Ingelsk]]e oersetting: '''Morning Star'''; [[Montana]], ±[[1810]] – yn it [[1883Noardlike Sjajinne Reservaat]] ([[Montana]]), [[1883]]) wie yn 'e twadde helte fan 'e [[njoggentjinde ieu]] ien fan 'e wichtichste opperhaden fan 'e [[Noardlike Sjajinnen]] (''Northern Cheyenne''), in [[Yndianen|Yndiaansk]] folk fan 'e [[Grutte Flakten (Noard-Amearika)|Grutte Flakten]] fan [[Noard-Amearika]]. Hy is lykwols benammen bekend wurden ûnder de namme dy't de [[Sû (folk)|Sû]] (''Sioux''), de tradysjonele bûnsgenoaten fan 'e Sjajinnen, him joegen: '''Stomp Mês''' ([[Sû (taal)|Sû]]: '''Tamílapéšni''', útspr.: [ta'mi:lape:ʃni]; Sjajinske oersetting: '''Motšêške Ôhnêxahpo''', útspr.: [mot'ʃɪʃkɪ o'hnɪxahpo]; Ingelske oersetting: '''Dull Knife'''). Hy wie al by syn libben wiid ferneamd om syn ferset tsjin 'e [[kolonisaasje]] fan it [[Wylde Westen]] troch de [[Feriene Steaten]], en waard sels troch blanke auteurs út dy tiid gauris omskreaun as ''"an admirable outlaw"'' (frij fertaald "in wurdearre smjunt"), dy't wolris ferlike waard mei de ferneamde [[Skotlân|Skotske]] rôvershaadman [[Rob Roy MacGregor|Rob Roy]]. De Noardlike Sjajinnen tankje it grutdiels oan Stomp Mês dat se hjoed de dei in [[Yndianereservaat|reservaat]] yn harren oarspronklike wengebiet hawwe.
 
==Libben==
Stomp Mês waard nei gedachten om [[1810]] hinne berne. Yn [[1868]] loek er foar it earst de oandacht fan 'e Amerikanen, doe't er de Noardlike Sjajinnen fertsjintwurdige by it sluten fan it twadde [[Ferdrach fan Fort Laramie (1868)|Ferdrach fan Fort Laramie]]. Yn 'e [[Grutte Sû-Oarloch fan 1876]] wied er in stânheft bûnsmaat fan [[Lakota (folk)|Lakota]]-opperhaden as [[Sittende Bolle]] en [[Mâl Hynder]], mar nei de [[Slach oan de Little Bighorn]], op [[25 juny]] [[1876]], wêrby't de Sû, Sjajinnen en [[Arapaho (folk)|Arapaho]] it Amerikaanske 7de Kavaleryregimint fan generaal [[George Armstrong Custer]] in ferpletterjende nederlaach tabrochten, waarden de Sjajinnen troch de Amerikanen slim yn 'e benearing brocht. Ein novimber 1876 ferneatigen de Amerikanen 153 [[tipy]]s fan 'e Noardlike Sjajinnen en makken se 500 fan harren hynders bút yn it foar de Yndianen rampsillich ferrûne [[Gefjocht fan Stomp Mês]]. Sadwaande wie Stomp Mês, dy't trouwens sels net oanwêzich west hie by de [[Little Bighorn (rivier)|Little Bighorn]], twongen om him begjin [[1877]], yn 'e mande mei de measte oare leden fan syn folk, oer te jaan.
[[File:LittleDull Coyote and Morning StarKnife.jpg|left|thumb|210px190px|[[Lytse Wolf]] en Stomp Mês, opper-haden fan 'e [[Noardlike Sjajinnen]].]]
 
De Noardlike Sjajinnen ferwachten dat se, no't se de striid opjûn hiene, neffens de ôfspraken fan it Ferdrach fan Fort Laramie nei it [[Grutte Sû Reservaat]] yn 'e [[Black Hills]] stjoerd wurde soene, mar ynstee waarden se nei it [[Yndiaansk Territoarium|Yndiaanske Territoarium]] (it hjoeddeiske [[Oklahoma]]) deportearre om har yn it reservaat fan 'e [[Súdlike Sjajinnen]] nei wenjen te setten. De libbensomstannichheden dêre wiene poermin, der wie net genôch iten en der hearske [[malaria]].