De Fûke: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Muijz (oerlis | bydragen)
L Mayor -> boargemaster
L redke
Rigel 1:
'''De Fûke''' is in boek fan [[Rink van der Velde]] út [[1966]] dat him ôfspilet yn de [[Twadde Wrâldkriich]]. Yn [[1995]] hat de skriuwer it boek omstavere en ek de ynhâld op 'e nij besjoen.
 
== Ynhâld ==
Krekt as yn hiel Nederlân dûke der ek [[Joaden]] ûnder yn [[Fryslân]]. Ek by in ielfisker dy’t mei syn frou Gryt en soan Germ efterôf yn in húske oan de [[Tsjûkemar]] wennet. Op in nacht komt Germ net thús fan syn nachtlike tochten op’e mar. De oare deis komthellet de plysje mei de Dútsers Germ syn heit opheljenop om him te ferhearren. De [[anargisme|anargistyske]] ielfisker siet al faker foar ferhoar, en is gjin maklik mantsje. Hy hâldt him stil as’t se him ûnderfreegje. Under it ferhoar rekket hyer hieltyd fierder yn de 'fûke'. Letter docht him bliken dat Germ oppakt is by syn wurk foar it ferset. As syn heit dat trochkrijt slaan by him de stoppen troch en dat is it begjin fan de ein.
 
== De film ==
De Fûke is de twadde Fryske (''lowbudget'') spylfilm fan [[Steven de Jong]]. De film kaam yn [[2000]] yn de bioskopen. [[Rink van der Velde]] hat it senario skreaun, tegearre mei Steven de Jong. De muzyk is fan [[De Kast]]. De ielfisker hat yn de film in namme krigen: Jelle.
Yn de film spylje:
Rigel 22:
== Oersettingen ==
*'De Fuik' (in oersetting fan [[Jan J. Bijlsma]]) waard yn 1970 útjûn yn de Wereldbibliotheek en letter yn 'e Zilverschoonrige.
* De Fûke is ek yn it Ingelsk ('The Trap', Henry J. Baron 1995) en yn it OekraynskUkraynsk ('Wjersha', Yuri O. Zhluktenko 1983) oerset. De OekraynskeUkraynske oersetting is polityk en eroatysk sinsurearre. Dat koe yn de Sovjet-unyUny net oars. Zhluktenko wist boppedat net krekt hoe 't al dat fiskersark wurke.
* De Hebrieuske oersetting, makke troch Rink syn dochter Wytske, is noch net publisearre.