HOMer Award: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
kt
ynfoboks + boarnen
Rigel 1:
{{Priis
| ôfbylding =
| ôfbyldingstekst =
| ôfbyldingsbreedte =
| namme = <font color=white> ''HOMer Award'' </font color=white>
| histoaryske namme =
| nasjonaliteit = [[File:Flag of the United States.svg|20px]] [[Feriene Steaten|Amerikaansk]]
| útrikt foar = [[science fiction]]- en [[fantasy]][[literatuer]]
| útrikt troch = Science Fiction and Fantasy <br>&nbsp;&nbsp;&nbsp;Literature Forum
| frekwinsje = 1x jiers
| datum =
| plak =
| ynsteld = [[1991]]
| 1e útrikking =
| opheft = [[2001]]
| webside = ''gjint''
}}
De '''''HOMer Awards''''' wiene in groep [[Feriene Steaten|Amerikaanske]] prizen dy't ienris yn it jier útrikt waarden foar de bêste [[science fiction]]- en [[fantasy]]wurken fan it foargeande jier. De útrikking waard dien troch it ''Science Fiction and Fantasy Literature Forum'' op 'e ''[[CompuServe Information Service]]'', wrâlds âldste kommersjele [[kompjûter]]netwurk. Yn 'e iere dagen fan ''CompuServe'' stie dat foarum ek wol bekend as it ''Home and Hobby Forum Number 9'', en om it te selektearjen moast men "HOM-9" yntoetse. Sûnt neamden de leden fan it foarum harsels "HOMers". De namme fan 'e ''HOMer Awards'' gie dêrop werom, wylst er ek ferwiisde nei de [[Aldgryksk]]e [[dichter]] [[Homêros]] (dy't yn it [[Ingelsk]] Homer neamd wurdt).
 
Alle leden fan it foarum (fluktuëarjend tusken 18.000 en 40.000) mochten nominaasjes dwaan en op 'e nominearre kandidaten stimme. Sels yn tiden dat it ledetal fan it foarum ta it minimum ôfnommen wie, hie it dêrmei noch fierwei it grutste tal stimmers fan alle science fiction- en fantasypublyksprizen. De winners waarden yn maaie bekendmakke yn twa wichtige tydskriften fan it sjenre, ''[[Locus]]'' en ''[[Science Fiction Chronicle]]''. Der wie gjin útrikkingsseremoanje; de prizen, yn 'e foarm fan sertifikaten, waarden de winners tastjoerd. De ''HOMer Awards'' bestiene fan [[1991]] oant [[2001]], en waarden útrikt yn fiif ûnderskate kategoryen: bêste [[roman]], bêste [[novelle]], bêste koarte novelle, bêste [[koart ferhaal|koarte ferhaal]] en bêste dramatyske presintaasje. Under de winners fan 'e prizen wiene skriuwers as [[Raymond E. Feist]], [[Janny Wurts]], [[Anne McCaffrey]], [[Lois McMaster Bujold]] en [[Catherine Asaro]].
 
{{boarnen|boarnefernijing=
*[http://www.locusmag.com/SFAwards/Db/Homer.html Ynformaasje oer de ''HOMer Awards'']
}}
 
[[Kategory:Science fiction-priis]]