A Civil Campaign: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Rigel 54:
Miles hat ûnderwilens noch altyd Ekaterin net oer syn bedoelings ferteld, al wit sa stadichoan fierders eltsenien yn syn om-en-by dat er úteinlik mei har trouwe wol. Mar hy wachtet oant de timing persiis goed wêze sil om der tsjin harsels oer te begjinnen. Ekaterin, oan 'e oare kant, fielt har wol oanlutsen ta Miles, mar hat harsels derfan oertsjûge dat er it net echt miende doe't er (oan 'e ein fan ''[[Komarr]]'') syn gefoelens foar har blike liet, om't er der sûnt neat mear oer sein hat.
 
De hiele brot komt ta in klimaks as Miles in diner organisearret wêrfoar't er njonken Ekaterin ek útnoeget: Ivan; Ivan syn mem, frouwe Alys Vorpatril, en har freon Simon Illyan (it eardere haad fan 'e Barrayareeske geheime tsjinst ''ImpSec''); Mark en Kareen; Kou en Drou; Kareen har âldere susters Martya, Olivia en Delia; Delia har ferloofde Duv Galeni; René en Tatya Vorbretten; Dono Vorrutyer; Ekaterin har omke, ryksauditeur Georg Vorthys en de frou; en dr. Borgos. Miles hat oangeande dat diner yn 't foar alles oant yn it lytste detail plend, mar syn plannen wurde daliks al yn it hûndert jage troch Mark en Ivan, dy't op eigen manneboet de sitplaktawizing yn har foardiel oanpasse. Dêrnei blykt dat Miles syn mei soarch opstelde menu ek wol fuortmiterje kin, om't Kareen Miles syn geniale kokkinne, ''ma'' Kosti, bepraat hat om alderhanne gerjochten en sauzen op basis fan bistkebûter ta te rieden. Dan nimt dr. Borgos samar it wurd om in ferbettere ferzje fan 'e bûterbistkes te presintearjen, dy't er genetysk sa oanpast hat dat se no de livreikleuren fan it hûs Vorkosigan hawwe, mei it Vorkosigan-wapen op 'e rêch — wat Miles en syn kriichlju anneks tsjinners as in ultime mislediging opfetsje. As oft dat noch net genôch is, lit Borgos dan ek noch slûpe dat Mark en Kareen op Bêta Koloanje tegearre in wiidferneamd bordeel besocht hawwe, wat de stimming oan 'e tafel mar frijwat bedjert, en alhielendal in izige sfear opropt tusken Kareen har heit en Mark (dy't lokkigernôch, troch Mark en Ivan har ferskowing fan sitplakken, in moai ein útinoar sitte). Dr. Borgos moat it diner dêrnei trouwens hastich ferlitte, mei't der in útbraak fan twahûndert bûterbistkes plakfûn hat, dy't har al oer it hiele hearehûs ferspraat hawwe. Ekaterin kriget koart dêrnei har earste twifels oer Miles as se him trappearret wylst er al in moai ein hinne is mei it smoaren dr. Borgos. Nei't se weromkeard binne oan it miel, freget Simon Illyan, dy't ferjiteftich is sûnt er in jier earder syn ûnthâld-chip kwytrekke is (sjoch: ''[[Memory (science fiction-roman)|Memory]]''), oan Ekaterin oft se Miles al antwurd jûn hat op syn houliksoansyk. Miles, tsjin dy tiid healdronken, rekket yn panyk en besiket der in grapke fan te meitsjen troch har dan daliks mar om tawurd te freegjen. Dêrop nimt Ekaterin ûntslach as syn túnûntwerpster en giet se fuortynienen poerlulk nei hûs. Dat is de sitewaasje dy't Miles syn âldelju, de ûnderkening en -keninginne fan Sergyar, begroetet as dy krekt op dat stuit thúskomme foar it oansteande keizerlik houlik.
 
Nei dy jûn ferbiede har âldelju Kareen om noch gedoente te hawwen mei wa ek út 'e Vorkosigan-húshâlding, wat sawol Kareen as Mark slim yn 'e wei is. Wol wit Kareen noch te beävensearjen dat har suster Martya har plak as assistinte fan dr. Borgos oernimt (yn ruil foar oandielen yn 'e bûterbistke-ûndernimming). En se skeakelet Ekaterin yn (ek yn ruil foar oandielen) om in ûntwerp te meitsjen foar in wat better eagjende uterlike foarm fan 'e bûterbiskes. Datlêste smyt, nei't dr. Borgos it ûntwerp mei genetyske manipulaasje yn 'e praktyk brocht hat, de saneamde "glorieuze bistkes" op.