Troilus en Kressida: ferskil tusken ferzjes
Content deleted Content added
+image |
ynfoboks |
||
Rigel 1:
{{Literatuer
[[File:A Scene from Troilus and Cressida - Angelica Kauffmann.jpg|thumb|right|300px|''Troilus en Kressida, Bedriuw V, Sêne II'', in gravuere út [[1795]] fan [[Luigi Schiavonetti]] nei in skilderij út [[1789]] troch [[Angelica Kauffmann]].]]▼
| ôfbylding = Houghton STC 22332 - Troylus and Cresseid, title.jpg
| ôfbyldingstekst =
| ôfbyldingsbreedte = 200px
| titel = ''Troilus en Kressida''
| oarspr. titel = ''Troilus and Cressida''
| auteur = [[William Shakespeare]]
| taal = [[Ingelsk]]
| foarm = [[toanielstik]]
| sjenre = [[trageedzje]]
| skreaun = ±[[1602]]
| 1e publikaasje = [[1609]], [[Londen]]
| 1e opfiering =
| oarspr. útjouwer =
| rige =
| foarich diel =
| folgjend diel =
| bondel =
| prizen =
| ISBN =
| Fryske titel = ''Troilus en Cressida''
| publikaasje = [[1966]], [[Drachten]]
| útjouwer = [[Fryske Shakespeare Stifting]]
| oersetter = [[Douwe Kalma]]
| prizen oers. =
| ISBN oers. =
}}
'''''Troilus en Kressida''''', yn it oarspronklike [[Ingelsk]]: '''''Troilus and Cressida''''' (folút eins: ''The Famous History of Troilus and Cressida'', "De Ferneamde Skiednis fan Troilus en Kressida"), is in [[toanielstik]] fan 'e hân fan 'e wiidferneamde [[Ingelân|Ingelske]] [[skriuwer]] en [[dichter]] [[William Shakespeare]]. It is in [[trageedzje]] dy't weromgrypt op 'e [[Trojaanske Oarloch]] sa't dy troch [[Homêros]] beskreaun waard yn syn ''[[Ilias]]'', en ferhellet oer de tragyske leafde tusken de [[Troaje|Trojaanske]] prins Troilus en de preestersdochter Kressida, wylst op 'e eftergrûn de oangeande kriich tusken de [[Griken]] en de Trojanen behannele wurdt. It stik einiget tige nearzich mei de dea fan 'e Trojaanske prins en held [[Hektor]] en de ein fan 'e leafde tusken de beide haadrolspilers. ''Troilus en Kressida'' is fier fan in tradysjonele trageedzje; it is ynstee in dreech stik, mei in toansetting dy't allegeduerigen wyld hinne en wer slacht fan skabeljeuze grapmakkerij nei swiersettige tragyk en werom. Dat hat derta laat dat lêzers en teäterbesikers gauris net krekt witte wat se mei de personaazjes oan moatte. Yn syn oanhâldende befreging fan wearden lykas maatskiplike hierargy, eare en leafde is it stik lykwols opmerklik modern. ''Troilus en Kressida'' is nei alle gedachten skreaun yn of omtrint [[1602]]. It waard foar it earst útjûn yn [[1609]]. De [[Frysk]]e oersetting fan [[Douwe Kalma]] ferskynde yn [[1966]].
Line 5 ⟶ 31:
Yn it sânde jier fan 'e Trojaanske Oarloch rekket de Trojaanske prins Troilus fereale op Kressida, de dochter fan Kalchas, in Trojaanske preester dy't oerrûn is nei de Griken. By syn stykjen nei har wurdt Troilus holpen troch Pandarus, in omke fan Kressida. Underwilens freget yn it Grykske kamp [[Agamemnon]], de kening fan [[Mysene]] en de oanfierder fan 'e Griken, him ôf wêrom't syn ûnderhearrigen sa somber binne. De snoade [[Odysseus|Ulysses]], de kening fan [[Itaka]], fertelt him dat dat komt om't de held en foarfjochter [[Achilles]] mei syn ûnfoech hâlden en dragen it leger op 'e doele bringt. Achilles wegeret nammentlik te fjochtsjen en sit ynstee de hiele dei yn syn tinte mei syn maat Patroklus op 'e oare legeroersten ôf te jaan. As koart dêrnei in útdaging ta in twagefjocht arrivearret fan 'e Trojaanske prins en held [[Hektor]], beslút Ulysses dat Hektor syn tsjinstanner net Achilles wêze sil, mar de koppige dwaas [[Ajaks de Mânskere|Ajaks]], de kening fan [[Salamis (eilân)|Salamis]]. Dêrmei hopet er Achilles sa op it sear te kommen dat dy wer meidwaan sil oan 'e oarloch.
Yn Troaje diskusjearje ûnderwilens de soannen fan kening [[Priamos]] deroer oft it noch wol eigenskip hat en set de oarloch troch. Hektor is fan tinken dat it better wêze soe om der in ein oan te breidzjen troch [[Helena fan Troaje|Helena]] oan 'e Griken werom te jaan, mar hy lit him beprate troch de hertstochtlike Troilus, dy't fan gjin opjaan witte wol. Wylst dy jûns yn it Grykske kamp Tersites, de ûnearbiedige [[slavernij|slaaf]] fan Ajaks, eltsenien ôfsnút dy't op syn paad komt, beävensearret Pandarus yn Troaje dat Troilus en Kressida inoar moetsje kinne om 'e leafde te bedriuwen nei't se inoar ivige trou tasein hawwe. Mar op datselde stuit fersiket de oerrûne preester Kalchas de lieders fan 'e Griken om syn dochter út te wikseljen foar in Trojaanske kriichsfinzene, dat er mei har weriene wurde sil. De Griken stimme dêryn ta, de ruil wurdt bewurkmastere, en de oare moarns arrivearret, ta ôfgriis fan Troilus, [[Diomedes]], de soan fan 'e Grykske kening fan [[Argos]], yn Troaje om Kressida op te heljen.
▲[[File:A Scene from Troilus and Cressida - Angelica Kauffmann.jpg|thumb|
De middeis fan dy dei fynt it twagefjocht tusken Ajaks en Hektor plak, mar it duël einiget yn gelykspul. Neitiid wikselje de beide foarfjochters misledigings út, en dêrnei nimt Troilus, beskerme troch in tydlike wapenstilstân, yn it Grykske kamp diel oan it jûnsmiel. Nei iten nimt Ulysses him mei nei de tinte fan Kalchas, dêr't er der fan in sideplak ôf tsjûge fan is hoe't Kressida tastimd om 'e minneresse fan Diomedes te wurden.
Line 17 ⟶ 43:
{{boarnen|boarnefernijing=
* Shakespeare, William, ''Shakespeare's Wurk Dl. VI: Titus Andronicus, Romeo en Julia, Julius Caesar, Troilus en Cressida, Hamlet'', Drachten, 1966 (Fryske Shakespeare Stifting), sûnder ISBN.
----
Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: [http://en.wikipedia.org/wiki/Troilus_and_Cressida ''References'', op dizze side].
}}
|