Lingua franca: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
omstavere 2015
sj. ek
Rigel 28:
== Keunstmjittige talen ==
Troch de tiid hinne hawwe ferskate minsken besocht in keunstmjittige wrâldwide lingua franca op te setten, bygelyks it [[Esperanto]], [[Ido]], [[Mondlango]] en [[Interlingua]]. Foarstanners fan dizze plannen binne fan miening dat in lingua franca sa sljocht mooglik wêze moat. Se sizze dat Ingelsk en oare natuerlike talen, trochdat se etnysk grûnfêste binne, net gaadlik binne foar in mienskiplike taal, omdat natuerlike talen swierrichheden en eigenskippen hawwe dy’t de talen lêstich meitsje om oan te leare. Ek jout in natuerlike taal in foarsprong oan natuerlike sprekkers, wurdt it assosjearre mei polityk, ekonomy en kulturele oerhearsking troch de oarspronklike naasje fan de taal. Oant de dei fan hjoed is gjin ien fan de keunstmjittige talen der yn slagge de lingua franca te wurden. Sels it ferkrije fan in grut tal sprekkers blykt lêstich. De grutste keunstmjittige taal, it Esperanto, hat nei alle gedachten 100.000 oant 2 miljoen minsken dy’t de taal folslein machtich binne.
 
== Sjoch ek ==
* [[Wrâldtaal]]
* [[Memmetaal]]
 
 
[[Kategory:Taal]]