De Griene Ierde: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
ynfoboks
red, kat
Rigel 28:
'''''De Griene Ierde''''', yn it oarspronklike [[Ingelsk]]: '''''Green Earth''''', is in [[roman]] fan 'e hân fan 'e [[Fryslân|Frysk]]-[[Feriene Steaten|Amerikaanske]] [[skriuwer]] [[Frederick Feikema Manfred]] ([[1912]]-[[1994]]). Mei 834 siden (yn 'e Fryske oersetting) is ''Green Earth'' Manfred syn ''[[magnum opus]]''. It boek, dat suver folslein [[autobiografy]]sk is, beskriuwt de jonkheid fan Alfred Alfredson, dy't opgroeid yn in [[Friezen|Frysk]] ymmigrantefermidden yn 'e [[Amerikaanske steaten|Amerikaanske steat]] [[Iowa]], en it houlik fan syn âldelju. ''Green Earth'' waard foar it earst útjûn yn [[1977]]. De [[Frysk]]e fertaling, fan [[oersetter]] [[Geart fan der Mear]], kaam út yn [[2013]].
 
===Ynhâld===
''Green Earth'' fertelt oer de jonkheid, yn it [[Midwestlike Feriene Steaten|Midwesten]] fan 'e Feriene Steaten, fan Alfred "Free" Alfredson, in [[Fryslân|Frysk]] ymmigrant fan 'e trêde generaasje. It dekôr is, lykas yn hast alle boeken fan Manfred, it gebiet oan 'e rivier de [[Missoury (rivier)|Missoury]] en de [[Grutte Siouxrivier]], dêr't de grinzen fan 'e [[Amerikaanske steaten]] [[Iowa]], [[Minnesota]], [[Súd-Dakota]] en [[Nebraska]] byinoar komme. Dy krite wurdt wol fan [[Siouxlân]] neamd, in oantsjutting dy't trouwens troch Manfred sels optocht is en dêr't er bekendheid oan skonk mei syn roman ''[[This Is the Year]]''. ''Green Earth'' is skreaun yn it [[personeel perspektyf|personele]] [[fertelperspektyf|perspektyf]], en wurdt ôfwikseljend troch de eagen fan Free, syn mem Ada en syn heit Alfred ferteld. It bestiet út trije dielen.
[[File:Siouxland (Map).gif|left|thumb|180px|In lânkaart fan [[Siouxlân]], it dekôr fan ''De Griene Ierde''.]]
Rigel 34:
Diel 1, ''De Frou fan it Hûs'', giet oer it houlik fan Ada en Alfred; Diel 2 en 3, ''Koaningen fan it Hiem'' en ''It Lân fan de Ingels'', fertelle oer de jonkheid fan Free. It boek jout in ynkringend byld fan in Frysk ymmigrantefermidden yn Amearika oan it begjin fan 'e [[tweintichste ieu]], fan it houlik fan syn âldelju, yn [[1909]], oant it ferstjerren fan syn mem, yn [[1929]]. It fêsthâlden oan it Fryskeigene en tagelyk it opgean yn 'e Amerikaanske kultuer wurdt beljochte, en ek it swiersettich [[kalvinisme]], oan 'e iene kant ferstikkend, oan 'e oare kant waarm en feilich, wurdt treflik beskreaun. It boek foarmet teffens in leafdefol portret fan Ada Engleking (eins Manfred syn eigen mem, Alice van Engen). Fierders komme ek it boerebedriuw en it boartsjen fan 'e bern yn en om 'e pleats op 't aljemint, krekt as Free syn muoisume relaasje mei syn heit, dy't mar net begripe kin dat syn soan syn siel en sillichheid net kwyt kin yn it buorkjen allinnich, of wat er altyd oan dat lêzen en skriuwen fynt. Manfred hat alles pas fyftich jier nei dato opskreaun, doe't er syn jonkheid geastlik ferarbeide hie en der sûnder wrok op weromsjen koe.
 
===Fryske oersetting===
De [[Frysk]]e oersetting fan ''Green Earth'' ferskynde yn [[2013]] ûnder de titel ''De Griene Ierde'', yn in fertaling fan 'e hân fan [[Geart fan der Mear]], dy't earder û.m. ''[[Tess of the d'Urbervilles]]'', fan [[Thomas Hardy]], en ''[[Idylls of the King]]'', fan [[Alfred Lord Tennyson]] oersette. ''De Griene Ierde'' waard útjûn troch de [[Utjouwerij Elikser]] te [[Ljouwert]], mei in tige oansprekkend en tapaslik omslachûntwerp fan Evelien Veenstra.
 
Rigel 44:
}}
 
[[Kategory{{DEFAULTSORT:Ingelske literatuer|Griene Ierde, De]]}}
[[Kategory:Fryske oersetting|Griene Ierde, DeRoman]]
[[Kategory:Ingelske literatuer]]
[[Kategory:Fryske oersetting]]