Muonts: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Addbot (oerlis | bydragen)
L Bot: Migrating 55 interwiki links, now provided by Wikidata on d:q733786 (translate me)
red
Rigel 1:
[[Ofbyld:Kovelklein.JPG|thumb|100px|right|''In muonts'']]
In '''muonts''' of '''mûnts''' (of as it om in frou giet, in '''non''') is ien dy't him fanút syn godstsjinstige oertsjûging bûten de maatskippij ophâldt. It wurd komt út it [[Gryksk]] μοναχος (''monachos'') en betsjut sokswat as 'de útsûnderlike', 'de folmakke' of 'allinnich'. Muontsen libje neffens harren eigen aparte libbensopfettings en wenje byïnoar yn in [[kleaster]] of [[abdij]]. Sy hâlde der in eigen dei-yndieling op nei dy't folslein wije is oan oefening yn en beöefening fan harren [[religy]].
 
De oefening yn religy krijt ûnder oaren stal yn ''assese''. Assese is it safolle mooglik opjaan fan lichemlike geneuchten. Jin sizze dat muontsen dêrtroch in gruttere geastlike groei berikke kinne. De beöefening fan de religy krijt foarm yn de [[mystyk]]; de geastlike gewaarwurding giet dan oer de eigen lichemlike begrinze hinne, al dan net gearstald mei it godlike.
 
In froulike muonts wurdt oantsjutten mei de beneaming 'non', wylst ''[[suster]]'' ek wol gebrûklik is. Sawol by it [[boedisme]], it [[hindoeïsme]] as yn it [[kristendom]] komme muontsen en nonnen foar. In muonts dy't yn ôfsûndering libbet wurdt ek wol in [[heremyt]] neamd.
 
[[Kategory:Religy]]